׉?ׁB! בCט  {u׉׉	 7cassandra://oUDi9r-cFkGd-1rixzf4ijxN-hQKVUwfp99C7-D59Q0 ړ`׉	 7cassandra://Ws8LQSTTdopaXVvOpyrBDkvI4vgZ_ZX7cWz2Mto_LzET`S׉	 7cassandra://CVSTOXAxjrHEPMWw302CqTh-G3Puw7ebQA1JKwHctko 
`̵ ׉	 7cassandra://sLLUay8JTt6_eYhuIOhvSFM_pbU-h-mNKvx9tJU5lvQ {4͠_,e0ט   {u׈   X3?y  ׈E_,d׉E *   
 
׉	 7cassandra://CVSTOXAxjrHEPMWw302CqTh-G3Puw7ebQA1JKwHctko 
`̵ _,d_,d{בCט   {u׉׉	 7cassandra://ILI37quwRFZ3zPK7nxrIwgsgld4q0QoB0g9Qor61fvo H`׉	 7cassandra://tJfPHs_XMv0-33ImH2BwbWaAeRDNuFp1IvB3wOEEW3Ex`S׉	 7cassandra://vvojDZ959ejWiefTvfHupQUvnDoe5dpyiLkuJjrBeAc"j`̵ ׉	 7cassandra://Dw-psXVesdiNtqRS5KRwyDPJs1iObwbXWpar_4UNHAco(͠_,e2ט  {u׉׉	 7cassandra://86OliESsOs6x-lPRXtosgAT92n-hZVJCu6OlhS4vL24 ` ׉	 7cassandra://aP_hGA0NVCvscUKZpp9TdZ4BeoKgiSD1hC6Qme4ZpOw͋.`S׉	 7cassandra://VpzZW1AgQM34hLBV6AnXW-f0b_Vab0YHP9t7X837r8g$h`̵ ׉	 7cassandra://HWj1PrHiTqsJ3IkDSykdfkuY6vxujqkOGYqusuk9deM͵͠_,e3׉EdOm in byld te krijen oer it libben fan doe en no,
wurdt de pinne dizze kear oan ien fan ús âldere
ynwenners fan Mantgum oerlange. Wilens in tal
besites oan hûs en ûnder it geniet fan in bakje tee mei wat lekkers der by,
kamen de ferhalen oer tafel.
De ferteller wol graach ûnder de namme “Tsj. B” yn 'e Mandeguod komme. It
hat allegear te krijen mei it feit dat hy wol in bytsje fan riedsels hâldt. Der sille
grif minsken wêze dy’t foar it ferstân hawwe by hokker persoan ik oanskood
bin. En sa net?, alhiel net slim want it sil oan syn skiednis neat feroarje. En dat
is wêr’t it hjir om giet. It giet om in tiidsbestek fan goed 80 jier. Dat der yn in
koart skoft tiid in protte feroare is kin elkenien wol begripe. Dy ûntwikkelingen
geane wol troch. “De tiid hâldt gjin skoft”. Om’t it oer in frij great tiidsbestek
giet wurdt it ferhaal oer de kommende útjeften fan Mandeguod ferspraat.
Mei de titel
“Sa wie it doe”
Tsj. B syn ferhaal
Fan de earste pear bernejierren wit ik net folle, ja wol dat der gauris kâlde
winters wiene. Fanwege dy kjeld krigen je jûns in krúk mei op bêd. Dy waard
foar it op bêd gean ûnder de tekkens
lein om it bêd foar te ferwaarmjen. Ja,
der moast goed op it jonkje past wurde
en fansels ek op de oare bern. It wie
bytiden sa kâld dan hongen moarns
by it wekker wurden de iispegels oan
de tekkens. Hjoed de dei kinne jo it je
amper mear foarstelle.
Pake Tjerk mei my
10 Mandeguod
Ik bin berne op in buorkerij ûnder
Raerd. Twa jier letter krige ik der in
bruorke by, Hink. Om ûngelokken foar
te kommen waarden wy op it hiem
gauris oan it tou setten. Earst wy oan’t
׉	 7cassandra://vvojDZ959ejWiefTvfHupQUvnDoe5dpyiLkuJjrBeAc"j`̵ _,d׉Etou en dan de katten. Ien fan de katten hjitte Sypke wit ik noch. Op de pleats
wie fan alles te dwaan. Heit, mem, faam, arbeider lytsfeint elts hie syn wurk.
Ek doe stie feilichheid foarop. Der moast de bern neat oerkomme.
In pjutterskoalle wie der net. Doe’t
ik 6 jier wie, gie ik nei de iepenbiere
skoalle yn Raerd. In skoalle mei trije
klassen. Sa’ n 60 bern sieten der op,
werûnder ek de bern út Poppenwier.
Moarns 2 km rinne en middeis nei
pake en beppe te iten. Sy wennen oan
de Slotsdyk yn Raerd. Beppe Tryntsje
hie gauris stikjes âlde bôle wjekke yn
molke en bestruid mei sûker en kaniel.
Wat wie dat lekker, ja wat waarden wy
bedoarn.
Oan skoalle stie ûnder oaren juffer
Skoalle yn Raerd
Jeltsma. Sy hold fan regels en wie tige streng. Fatsoenlik yn de banken sitte
mei de hannen op’e rêch. Dat wie in opdracht. Yn elke bank siet in bakje mei
inkt. Dêr stipten wy de pinne yn en dan koene je skriuwe. It joech ek wolris
flekken en oare griemerij. Fansels wie der wol in doekje om ien en oar fuort te
wurkjen. Yn de earste klas waard mei potlead wurke.
Lêzen en skriuwen waard leard mei it brûken fan it lêsplankje “aap, noot
mies” ensafuorthinne. De measte âlderen sille it grif noch út de holle witte.
Yn de tredde klasse sieten wy mei 3 jonges en 3 famkes. Ien fan de famkes wie
Anneke Bloem. Sy wennet ek yn Mantgum. Ferskate jierren hat sy mei har man
Ids van der Ende in bakkerij oan de Master Jansenstrjitte yn Mantgum hân.
Ien fan myn freonen wie Tjitse Heida. Syn heit en mem Wytse en Janke Heida
hiene in skip. Sy wennen yn Raerd yn’e buorren. Winterdeis giene se nei de
minsken ta om turf te bringen. (Turf waard brûkt om de kachels mei te stoken)
Tjitse en syn suster Lolkje wiene net altyd op skoalle mar giene bytiden mei
op it skip. Yn it skuorke njonken harren hûs waard in winterfoarried oanlein.
Maaitiids waard it skip laden mei polderdyksgrûn fan ús heit syn lân. Yn de
modder sieten fosfaten. (*terpmodder ôfgroeven) Fosfaten ferbetteren it lân.
It wie fruchtbere grûn. It wie tige dreech om it skip hjirmei te laden. Mei in
kroade oer in planke, dy’t troch de wiete grûn sa glêd as sjippe waard.
(*Terpmodder ôfgrave om it wetter te kearen. Letter kamen der gemalen en
wetterskippen en wie dat net mear nedich)
Mandeguod 11
׉	 7cassandra://VpzZW1AgQM34hLBV6AnXW-f0b_Vab0YHP9t7X837r8g$h`̵ _,d_,d{בCט   {u׉׉	 7cassandra://5jrYHa1bYz0bXHsUTbsOldg8HlshrSpLS4JzYTgy1Mg ` ׉	 7cassandra://o-bkNuZhtB204HpAFMuFbujEtv1AnWJ_sy-cRtwdFk4͇j`S׉	 7cassandra://GDVo0VYo0fQLAGwTYolOLTzI-eJtxOFtRWJMg0gEDeA"`̵ ׉	 7cassandra://6I-vPgEeQIHU_V8h3lBPugzlwY-k80wMMJB_itrUieAw͠_,e5ט  {u׉׉	 7cassandra://qrkeSjcFmaIWQJwnoU2OOIpvUqZGl795Ae5Tjg6WmKA   ` ׉	 7cassandra://V5wkzPrnVnkLY-T5JtC-A8B_GG74UCYa4-Rx8vtLIcY͏B`S׉	 7cassandra://DoezEi6wsMk_uD_RW1broPm873VCHsiyUFhP6vdeFqA#`̵ ׉	 7cassandra://wSo-aAlWzBUfGE1quPMLkjrE9_GJsMShn6wthy2H410| ͠_,e6׉E	.As it skip fol wie, waard de lading nei de feangrûngebieten brocht.
Mei it seil op it skip gie it wol aardich flot mar gauris stie der alhiel gjin wyn.
Dan krige skippersfrou Janke de beage om en moast se rinnend oer de wâl it
skip lûke. Tige swier wurk. As der oaren by wiene, diene se dat meast mei har
twaën. De manlju stiene meastal oan it roer. As men it doel berikt hie, waard
de grûn der út skept en oer it lân *ferstruid.
(*Dat waard dien mei hynder en wein. Der waarden bultsjes fan makke om it
dêrnei mei de skeppe oer it lân te smiten)
As de Heida’s nei in goed wike wer thús kamen, giene wy der gau op ta. Wy
wiene dan gauris yn it roefke fan it skip te finen. It wie in pracht en tagelyk
moai skûlplak foar ús. Somtiden kaam Lolkje mei molke en in stik koeke del.
Wy wiene faak bûtendoar te finen en hellen dan fan alles út.
Maitiids moast it fee nei bûten. Dat gie by tiden frijwat mâl. De bisten wiene it
skerpe sinneljocht net mear wend. Guon rekken dan ek yn’e sleat.
Ek de keallen moasten nei bûten. Der waarden twa keallen oanelkoar fêst setten
sadat se net yn’e feart fleane koene. Dat slagge fansels net altyd. It oanelkoar
fêst setten hie as doel dat de bisten harren enerzjy kwyt reitsje koene.
Dan wiene je dat mar foar. In hiele ferdivedaasje dus.
Wie de stâl leech, dan moast de boel fansels skjin makke wurde. Dit waard
dien troch de feint, arbeider en ús heit. Wetterlieding wie der net. Op souder
stie in greate wetterbak. Twa man pompten it wetter yn 'e bak. Dat wie tige
swier wurk. Faak begûnen se te switten as in oandrager. As de bak fol wie
kamen de amers ûnder de kraan en dêrnei koene wy mei blikjes de boel wiet
smite. Wy fûnen dat prachtich om te dwaan. De overall oan en dan mei helpe
fansels. As it moai waar wie, kamen ûnder iten ús wiete klean yn de sinne te
lizzen om te droegjen fansels.
Hjirnei wiene de keallebarten út de
skuorre oan bar. (dêr stiene de bisten
op) Jim sille grif begripe dat dizze
dingen swier fan stront en jarre wiene.
De skutten waarden daliks yn’e feart
smiten. It skjin meitsjen fan de barten
wie dreech en smoarch wurk. Earst
waard de strieboel sa folle mooglik
der ôf helle/skrabe en dêrnei giene ek
dizze dingen de feart yn.
Wy boarten der dan mei en dan dienen
de skutten tsjinst as boat. Wy hiene der Tryntsje oan it melken
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://GDVo0VYo0fQLAGwTYolOLTzI-eJtxOFtRWJMg0gEDeA"`̵ _,d׉E	dan in flot fan makke en giene der mei te farren. Somtiden gie it net hielendal
goed. Ek wit ik noch dat wy in seil op it flot hiene. Ik tink dat it makke wie fan
âlde jassen of soksawat. It wie in hiele ferdividaasje. Gefaar wie der eins net by
om’t de feart net djip wie.
Tryntsje mei kammeraatske
Wat my ek yn’t sin sjit is dat yn de
Syltsjesleat (dit wie in feart tusken
de Swette en de Aldfeart) in houten
boatsje mei in kajút lei. Dêr húsmanne
altyd in man “âlde Freark”
om. It wie in apart persoan. Wat hy
by’t ein hie, wie net alhiel dúdlik.
Ien ding is wis, hy seach der net al
te fersoarge út. Hy kaam wolris op’e
pleats om molke te heljen. Us mem
brocht him ek wolris iten. Op in
kweade moarntiid liek it boatsje
fuort te wêzen. Nei ûndersyk die
bliken dat it boatsje sonken wie en Freark mei ferdronken is. Noch sjoch ik in
tal manlju rinnend en sjouwend mei him op in barte it hiem op kommen. Hy
waard op in wein lein. En efkes letter mei in hynder der foar, fuort brocht. Ien
ding is wis, “soks bliuwt je altyd by”.
It fee is bûtendoar. No komt der wer lânwurk. Goaitsen de feint is it oan it
jarjen. Hy hat de swarte foar de jarrebak. 700 liter ynhâld (no 7000 ynhâld). De
swarte is al âld en hat gjin sin om te avesearjen. De weromreis mei de lege bak
docht er yn in draf. Dan rattelt it noch alhiel wat mei de lege bak op’e wein.
Goaitsen hoecht it hynder de weromreis hast net te mennen. It is in snoad bist
dy’t it paad nei de pleats goed kin. Goaitsen pakt de jarrepomp wer beet en
begjint op’ e nij te pompen. It húske (it toilet) stie meastentiids op’e jarrekolk
en sa no en dan kaam Richtsje lâns dy’t dan gebrûk makke fan it húske.
Goaitsen rôp: “bist der no al wer?, sa bliuw ik oan it pompen!” De Swarte
stutst de holle dan omheech en jo koene sjen dat it bist oan dy heibel tusken
Goaitsen en Richtsje neat fûn. Dat jarjen hie men dagen wurk mei. As de kolk
leech wie, kaam de ljedder der yn en waard de lêste stront nei de pomp skood.
It wie in gefaarlik en fiis putsje. (der moast jarre op it wetter komme en de kolk
moast ek skjin) dêr binne ûngemakken mei bard. En dan mar hoopje dat de bui
ek oerkaam.
De earste keunstdong kaam ek oer it lân. (in feroaring) De kerrelkeunstdong
waard mei amer en hân struid. As men dat in dei dien hie, wie men aardich
bek ôf en smoarch. Der wie ek in sto-keunstdong. Dêrfoar brûkten wy in
keunstdongemesine op 2 tsjillen mei in gatsje yn it midden sadat de keunstMandeguod
13
׉	 7cassandra://DoezEi6wsMk_uD_RW1broPm873VCHsiyUFhP6vdeFqA#`̵ _,d_,d{בCט   {u׉׉	 7cassandra://vB38SLygvDmB97K8KC8L_Wua0eGPQJ_6VLLrhlYVqkU Gf` ׉	 7cassandra://e6WyBlA2VujHRYTGlS40bEOAg0qo4PwArIdM4k5vasó`S׉	 7cassandra://Xke9FHlfsmY0bnmHn7j63RfMCGeDJHmrkJHWL5EjXqc"`̵ ׉	 7cassandra://b1cNg7eJAsvp8PAqyPQwTnxQEHnYXoX55miWG4Qt1zA̓"͠_,e8ט  {u׉׉	 7cassandra://GOQ1st8Shapxb1q1tWEahDMWbqvuErZU2drj4ePhxGI 8`׉	 7cassandra://k13cpMesboY3b9djVQf_fQlUCSChgKTxiqJVKNglgcA`S׉	 7cassandra://VzbMEeDB1LLZoYkXoBqPvq4ENKzBEI9WhHa555XkRcw"`̵ ׉	 7cassandra://32sHxnSigdT-pzOHXvLXav0brATrr4CbEjvW8JWLuvg͡(͠_,e9׉E^dong oer it lân struide. De âld swarte luts dat apparaat. Hy stie dan tusken de
stokken. Men koe der ek op sitte. Der siet in langwerpige bak op en dy waard
oanskodde troch in oandriuwend meganisme.
Sa no en dan in tongerbui en dan brûsde it gêrs der út. Net allinne gêrs mar ek
de hynsteblommen, pinksterblommen, bûterblommen en de soerstâl diene mei
oan it kleurenpalet.
(De Swetteblommen lâns de Swette hawwe oandiel west oan in rom foarsitterskip
fan de ruilferkaveling)
Witte jimme wol, dat hoe mear fan dizze blommen, hoe minder de kwaliteit
fan de grûn is? Hynsteblommen en stikels jouwe in goeie grûn oan.
Begjin maaie wie it yn Fryslân in hiele folksferhúzing fan lânarbeiders, feinten
en fammen. Dy krigen gauris in oare boer of boerinne. Dat wie net om’t se net
meielkoar oer wei koene mar mear fan “verandering van spijs doet eten.” Myn
heit en mem mochten graach oer it personiel út Easterwierrum. Men koe altyd
goed meielkoar oerwei. As der yn maaie feroaring kaam dan wie it ornaris ien
fan de Altenburger’s, de Boersma’s en Hoogma’s dy’t presint wiene om it wurk
op de pleats oan te pakken. (it gie faaks om greate húshâldings)
Dy wisten faak fan oanpakken. In útsûndering wie Jan Prakken. Wy wiene
dwaande mei it meitsjen fan in kuilbult. Dêr kaam Jan út Appelskea oan fytsen
mei in reiden kofferke efter op’e fyts. Hy koe ek bêst mei de Easterwierrumers
oerwei. Dat hie gefolgen, want Jan moette Trynke (fan skipper Freark Hoekstra)
en krige ferkearing mei har.
Doedestiids hiene wy lange en
strenge winters. Dat it barde dat
skipper Hoekstra mei it skip yn Ossensyl
fêst kaam te lizzen yn it iis.
Yn de wykeinen frege Jan ús heit
om frij te kinnen. Dat koe wol. Jan
pakte de fyts mei it reiden kofferke
en fytste mei fûle froast nei Ossensyl
ta. (hinne en wer 60 km)
Hy kaam moandeitemoarns wer
op’e pleats. Foar leafde dienen jo
alles.
Jan en Trynke binne troud. Jan is
letter wurksum west by it
Wetterskip Easterwierrumer Aldfeart.
It wetterskip en Jan Prakken wiene ien!
It turfskip waard troch wynkrêft oandreaun
mar troch mankrêft as trekschuit
wurdt ferfolge
Mandeguod 15
׉	 7cassandra://Xke9FHlfsmY0bnmHn7j63RfMCGeDJHmrkJHWL5EjXqc"`̵ _,e ׉E	“Sa wie it doe” (diel II)
It fee bûtendoar, it gêrs groeide omraak. De meanmesinemessen waarden op’e
slypstien slipe. Dat wie in sekuur wurkje. De oare moarns om fiif oere waarden
de hynders ynspand en koe it oangean mei it meanen. Moarns betiid meande
it op syn bêst. Oerdeis woene de messen noch wolris strûpe en dan moast it
hiele saakje efterút lutsen wurde. It meanen wie tûk wurk. Men moast sa ticht
mooglik by de greppel lâns meane. De greppel sels en de sleatskanten moasten
mei de seine útmeand wurde. Fierders moast men om de fûgels en aaien tinke.
Dat foel net altyd ta. It wie echt fakwurk wêr’t dizze minsken mei dwaande
wienen. Under it kofjedrinken waarden
de hynders ferwiksele mei twa
oare hynders. Sadat der wer in fit stel
foar stie. Undertusken hie de seinemeaner
syn seine harre (slipe) en koe
ek los. Sokke tiden hie men gauris
krapte oan minsken en hynders. De
Hanneke-meanders (seinemeaners) út
Grinslân en Dútslân joegen in moaie
oanfulling. Ek lienden de greidboeren
gauris in hynder fan in bouboer. Dizze
hynders hiene mear krêft en úthâldingsfermogen.
De útlânske ûngetiders
en hynders moasten fansels wol beHannekemeanders
telle
wurde! Wat men hjoeddedei yn in oere meand hat, hie men doe wol twa
dagen mei wurk. It meanen yn maaie wie foar de kuil ornearre. Men hie doe
ek al skodmesyntsjes, mar de Eureka skodmesine út Drachten wie fenomenaal.
De skodders fan hjoeddedei, kinne yn kwaliteit en wurk dêr amper oan foldwaan.
Der moast in hynder foar mar it wie foar doe in útkomst. It gêrs waard
omlein mei swylmesines. Dizze swylmesines (Nicholson en Jarmain) leine it
gêrs yn rigen oanelkoar. It gêrs draaide wolris om de boarden fan de mesines
hinne, hjirfoar hiene wy altyd in skerp mes of knyft yn’e bûse. De meanmesi10
Mandeguod
׉	 7cassandra://VzbMEeDB1LLZoYkXoBqPvq4ENKzBEI9WhHa555XkRcw"`̵ _,e_,e {בCט   {u׉׉	 7cassandra://9PSacoRc9eGc5ETl5As5jmAeFMmhnzA6M5xVKQ3evLY ߦ`׉	 7cassandra://fk9ETkLhn-QJRqupA4AVM3lrsisC8iUaak6MAlYeYU4͋w`S׉	 7cassandra://5azKra10U869EooGuAsyK-lsQJdkfgyIwsRrcbJS59M%;`̵ ׉	 7cassandra://biUyanafsWRv1vRqKPaQeldNrtUi-Giq6EMpD1sYYqAͻo(͠_,e;ט  {u׉׉	 7cassandra://AwZC0rV4kBZFinV19wRkrB5_o01LoKJZCPBvkA7oF9s *`׉	 7cassandra://Kidpq-1Dut9EY831J4A0zb7puVG0gYQci5mEtRG7p8g͚`S׉	 7cassandra://XkPltLk7s6oXn55zRjYArivOgulGz-lrNbbe6Ji-jpQ'`̵ ׉	 7cassandra://ztlBhYTMLPPckP3wquSI7Gd3Op9c7-LuHk6WY12Q9x4͌$͠_,e<׉EGêrsmesine
Swylmesine
nes wiene fan it merk Cormick. Ek hjoeddedei is dat noch in bekend merk. De
swarte waard foar de wein spand en de wein tusken de wurdzen (rigen dy’t
bijelkoar kamen te lizzen) rieden Jan en Rommert elts oan de kant fan de wein,
mei in foarke yn’e hân begongen se it gêrs op’ e wein te laden. As it gêrs net
te droech wie, wie it dreech wurk. It mocht net te wiet wêze dan krige men
soere kuil. Soms waard droech gêrs op it lân mei de jarrebak fol wetter wer
wiet makke. Te droech gêrs koe broei yn’e kuilbult bringe. Soms wie dat dan
swart troch de broei en wie dat net lekker foar it fee. It gêrs brocht men op in
bult op it hiem. Dat wie ek wer tige dreech wurk. De kanten waarden netjes
beplôke om it moai ôf te wurkjen. Dan waard de bult tadutsen mei modder en
wâlsjêden. Yn’e hjerst waarden op sa’n bult gauris koal en sprútsjeplanten út
set. Troch de waarmte fleagen de planten de grûn út. Moai betocht fansels mar
de rûpen koene de kuilbult dan ek wol fine. Koart sein, de kuilerij wie in skoft
fan dreech wurk en as it fee wer op stâl kaam, moast men mar ôfwachtsje wat
ûnder sa’n kuilbult wei kaam. Wie dy kuil te soer, dan rûkte men dat oan de
molke en krige de boer koarting op syn molkpriis. Wie it te swart, dan seinen
de kij “Nee boer, dit meie wy net!” Mei wat swiete moalbrij en pulp oer de kuil
hinne, frieten se it wol op. Kij kinne ek snoad wêze.
As wie se út de loft weifallen. Yn 1936 krigen wy der samar in suske by.
Sjoerdtsje wie har namme. Wy wisten fan niks en it ynteresearre ús ek net sa
folle. Wy seagen wolris in reager fleanen mar earrebarren seagen wy nea. Hoe
as wat…dêr wa’t doe net oer praten. Hjoed de dei witte de bern hast al in jier
foar de tiid dat in poppe ûnderweis is. Tiden hawwe tiden!
Wy krigen in frjemde frou yn ’e hûs. Wy ieten in pear dagen by pake en beppe
en Sjoerdtsje hie ’s nachts gauris aardich wat kabaal. Dat wie dat.
Yn Septimber kaam de merke. As it merkeskip moarns yn ’e haven lei, hiene
wy frij fan skoalle. Wy moasten mei helpe de draaimûne út it skip fan de
Koopals te heljen. In pear touwen oan de karre, wêr’t parten fan de mûne op
Mandeguod 11
׉	 7cassandra://5azKra10U869EooGuAsyK-lsQJdkfgyIwsRrcbJS59M%;`̵ _,e׉E
+lein waarden. En dan ús hiele lokaal
oan it lûken en it triuwen. Wy fleagen
yn draf de Raerderterp op. De Koopals
moasten goed stjoere om de karre sûnder
ûngelokken op it plein de krijen.
De lêste karre waard fol lein mei de
hynderkes. Dizze rit moast wat foarsichtich
oan. Dy hynderkes moasten
net fan de karre ôfspringe, de Koopals
Draaimûne
seinen, dat de merke dan net troch gean koe. De opbou fan de draaimûne
mochten wy ek mei meitsje. En hjir en dêr sels wat mei helpe. As lêste waarden
de hynderkes fêstdraaid. Dan kaam der in spannend skoft. Der moast
in test dien wurde as alles wol goed draaie woe. In greate bak waard fol mei
wetter goaid, yn de motor diene se in stik karbid, it begûn nei karbid te stjonken
en sjoch dêr begûn it hiele saakje te draaien! De sinne op dy moaie mûne
en it tuffen fan de motor. Wy wienen der stil fan. Fan dy tiid ôf woe ik as ik
great wie, draaimûneman wurde. De karbidmotor koe ik doe net begripe mar
ik fûn it wol in machtige útfining. Draaimûneman, it is him net wurden! Wy
krigen mei de merke doe sinten yn ’e beurs. De earste dei krige men bijgelyks
in daalder (in ijsko wie 5 sinten) Wat men de earste dei net fersnobbe krige
men de twadde dei der by, 2 dagen merke en jild oerhâlde, dan koe dat yn
de sparpotbaarch. As de baarch hast sêd wie, waard dy nei it postkantoar ta
brocht. Wy moasten efter de baly stean bliuwe en dan kaam de postkantoarhâlder
Teake Stellingwerf. Dy lege de baarch. It tellen fan heale sinten, sinten,
stuorkes en soms in dûbeltsje koe út ein sette. Stellingwerf hie ek de sintrale
tillefoan. As in partikulier belje woe, dan krige hy earst Stellingwerf oan de tillefoan.
(tillefoansintrale) en dy moast dan ferbining meitsje mei it nûmer wat
men graach oan de lijn hawwe woe. Soks frege somtiden nochal wat tiid. As it
jild teld wie, moast it boekje fan de Rykspostspaarbank bywurke wurde. As wy
dan it postkantoar út gongen fielden wy ús lokkich en in bytsje ryk. Yn it earst
wiene der net folle dy’t tillefoan hiene en koe Stellingwerf it wol wat bijfytse.
Mar it waard stadichwei oan drokker. Doe waarden
de postbesoargers ek mear en mear ynskeakele om
Stellingwerf te helpen de ferbining flotter ferrinne te
litten.
It is kofjetiid. Heit en mem, de faam de feint de
lytsfeint en de bern, se sitte allegearre oan de tafel.
Mem hat de molke ôfreamme fanút de molkbus mei
molke. De kofje hat troch de kofjemole west en is
mei hjit wetter op getten. De kofje en koeke smeitsje
mar bêst. Dan komt Pyt Tuik de postboade troch
de doar. Syn stoel stiet al klear. De swiere tas mei
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://XkPltLk7s6oXn55zRjYArivOgulGz-lrNbbe6Ji-jpQ'`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://zRPlQ2Brpkq6k7pACe-H0nonN-FG3Y_EneRQScVnIJA 8`׉	 7cassandra://4PUU-75ZUS130zU0EN6EJDK1i1ynKt64F8wOSVpSUuU͒`S׉	 7cassandra://YY-iH0u1RzSztCNFa7UOtTWKwSa98N8JBzdihisF120%`̵ ׉	 7cassandra://EzrFoSLRFz8j3zVDqilUGrl3wobDR2Y2GNcDkAhxDYY͟V ͠_,e>ט  {u׉׉	 7cassandra://mlEUBU5nsNH4jthcDP1WcCm5Va038tCq5yn2x9LwksE `׉	 7cassandra://YZspldAphftLExNFzAjzWgKUyriQDgtBxrn6NEsPOvU͙`S׉	 7cassandra://jBfHU0Uu-IN9Q7NH5p7pw2xp619YHxytJrmJO3-wJ-E'`̵ ׉	 7cassandra://lnxDJD8qqLjtaYCbUq9SHzz-KG35kD2rj4tJPvOMA7A V4͠_,e?׉E	kranten, postsegels, kwitânsjes, brievekaarten wurde
del setten. Tuik kofjedrinkt mei en de lêste nijtsjes
wurde ferteld. Dan giet it persoaniel wer oan it wurk.
En ús heit betellet in pear kwitânsjes en hy moat wat
postsegels hawwe. Tuik kriget wer wat brieven mei. It
giet allegear hiel noflik om en ta. It is net dat Tuik alle
dagen komt want syn kollega Meinte Venema wit de
kofje by ús ek wol te finen.
It learen op skoalle giet mar knap. Wy hawwe ôfskie fan juffer Jelsma nommen
en sitte no yn it lokaal fan master Sytse Duisterhout. Master Posthumus hie
de heechste klassen yn it tredde lokaal. Posthumus hie in sike frou en moast
ûnder syn lessen gauris nei har ta. Dan moast Duisterhout twa lokalen les jaan.
Hy rêde him der mar bêst mei. Wy hiene ûntsach foar him.
It learen fan breuken en sa, it gie gewoan troch. Ik haw sels doe in skoftke
mei de famkes oan it hantwurkjen west. Der is wat my oanbelanget net safolle
by bleaun. In sok stopje dat rêde ik doe noch wol op. Skoalleswimmen op it
plattelân hiene je doe noch net. Duisterhout kaam mei in plan. Hy woe wol
woansdeitemiddeis (frije middei) mei ús op de fyts nei de Snitsermar om ús
it swimmen te learen. In protte hiene dêr wol earen nei. Sa binne wy mei in
hiele kloft fytsers ferskate woansdeitemiddeis nei it paviljoen ta setten. Master
hie al in gaadlik plakje fûn. Der wie wat beammeguod dêr’t elts op in kreaze
wize syn of har swimklean oan dwaan koe. Master wie net de earste de bêste.
Hy die op de wâlkant foar hoe’t wy swimme moasten. Yn de koartst mooglike
tiid hiene wy de slach te pakken. It wie in spultsje fan swimme of kopke
ûnder. Master hâlde goed it tafersjoch en der barden alhiel gjin núvere dingen.
Wy hiene sels publyk om ús hinne. Mei great respekt tink ik werom oan dizze
man wat dy allegear foar ús dien hat. Ien ding koe hy ús net leare, dat wie it
dûken. Dêrfoar wie it wetter net djip genôch. Under wetter is fansels ek net
it measte te sjen. Letter is master Duisterhout haad fan in skoalle wurden fan
muoisum learende bern op it Hearrenfean.
De bussen Sypersma
Skoallereiskes hiene wy ek. De
busûndernimming Piter Lantinga
en Tsjerk de Vries hiene wy yn
Raerd. Hja hiene in bustsjinst fan
Ljouwert - Snits. Yn Easterwierrum
hiene de Sypersma’s ek de bustjinst
Ljouwert-Snits. Hja rieden fia
Weidum, Jorwert, Mantgum, Wiuwert
nei Snits. De bussen fan Raerd
hiene in giele okerige kleur. Dy fan
Mandeguod 13
׉	 7cassandra://YY-iH0u1RzSztCNFa7UOtTWKwSa98N8JBzdihisF120%`̵ _,e׉ErTsjaarda yn Oranjewâld
Sypersma wiene grien. Yn Raerd hiene se trije bussen. Ien wie reserve- en reiskebus.
De oare beide rieden de tsjinst. It wiene bussen foar 20 á 25 minsken
grut. It skoallereiske gie altyd nei Tsjaarda yn Oranjewâld. Wat in feest en wat
koe men je dêr fermeitsje. Earst nei de belvedêre en it spoekhol. Dêr meiienoar
op de foto en dan nei it doalhof mei de rare spegels. (“lachspiegels”) Ferdwale
koe men ek yn it doalhof. De kettingbrêge moast men oan doare en net bang
foar wiete fuotten wêze. Ek de oare attribúten foelen tige yn de smaak. Wy
hiene in pracht dei. Hjoed de dei is fan de boarterstún neat oer bleaun. Wy
kinne by Tsjaarda djoer eftich iten ite en de bern ûndernimme hjoed de dei
grutere reiskes. Tiden hawwe tiden.
Pake Tsjerk wie boer ôf yn it begjin fan de tritiger jierren. Hy wenne mei beppe
Tryntsje yn in hûs oan de Slotsdyk. Efter it hûs wie in moai hiem mei appel-,
parre- en prommebeammen. Benammen de jopebeam mei syn reade sêfte appels
fûnen wy lekker. Nei myn betinken haw ik nea wer sokke lekkere appels hân.
Ek hienen ja in hinnehok mei wite en brúne hinnen. Efter it hûs siet in doarke
yn ’e muorre dêr’t it *poepetontsje/húske/WC yn stie. Ien kear yn de safolle
dagen kaam Jûte Postma mei de tûntsjekarre bijlâns. Hy wiksele it folle tontsje
om foar in legen ien. Mei it folle tontsje op it skouder rûn hy dan nei syn karre
ta. Hy hie dan in kleedsje oer it skouder foar it spatterige guod. Ik kin noch net
begripe hoe’t Jûte dat folhâlde koe. Fan fier koe men Jûte syn poepkarre rûke.
Yn Raerd waarden dy tûntsjes yn in pream setten om dan der mei nei de
dwinge te farren. De pream waard foarút drukt
mei de boom, it waard yn in gat yn ’e grûn lege.
Dat hat grif net sa’n moai putsje west. By’t winter
gie hy mei de slide oer it iis nei it strontgat.
De tûntsjeklanten waarden dan frege om sa no
en dan in hânfol sâlt yn it tûntsje te goaien, om
befriezen te foarkommen. Jûte koe net bêst mei
de bern oerwei. Ien ferkeard wurd fan de jonges
en hy wie duvelsk. Soks is ek wol begryplik. Hy
hie in drege rot baan.
tenei mear
Mandeguod 15
Húsketontsjes
׉	 7cassandra://jBfHU0Uu-IN9Q7NH5p7pw2xp619YHxytJrmJO3-wJ-E'`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://wU0RMe00d2fXwfhstu3inBQyETt3vDubGQRwzGYlikM Mg`׉	 7cassandra://fxifi8rWEV086kTz-k6goq1RwU46_fM90zpT9Uos40Yp`S׉	 7cassandra://lq4eqHe05TP26yMrqilmEr1WvOPfcgB0rDRSI7K7iOs"`̵ ׉	 7cassandra://0gUyC802PoDhBHAl6TQvmu8bqYhApuPGASstEzBUv_0 W(͠_,eAט  {u׉׉	 7cassandra://K1tCcsuMBYMDJzHfY4K-QsRSt9uBWA_V58Hrt8lziLY d` ׉	 7cassandra://E9tBSoyGgDnqvC6A0o4vWNwU6vf4B5n0aT-kLGh0d1Q͑q`S׉	 7cassandra://JOOvHhmNgHkt7eRJd70fP7kdK8FCliGuYE3cC4iaLxs$/`̵ ׉	 7cassandra://EXQSRALE4NrzuQ4i2xX9Os2gJqkMgaR3ieIy3Ql6OAg͍?͠_,eB׉Eo“Sa wie it doe” (diel III)
Wy wienen gauris by pake en
beppe. Der hat in skoft west,
dat ik alle sneinen nei harren
gyng om te kofjedrinken. Pake
hâlde fan in hanneltsje. Hy hie
twa stikken lân oan de Flânsumerdyk
by Raerd. By’t maaitiid
gie hy de boer op, want yn dat
lân, dêr moast weidfee yn. Wy
moasten dêr ek stikellûke. Foar
pake woenen wy dat graach
dwaan. Hy gie ek de boelguodden
bylâns om in gaadlik bist te keapjen.
Chevrolet
Fierders kaam hy hast alle dagen by ús efkes op ’e pleats te sjen en sa ek by
omke Roel. Hy kocht ek samar in chevrolet auto by Wiersma yn Jirnsum. It
wie in fjouwerkante bak mei in kofferbak der noch efter oan. It autonûmer wie
ûnder de 200 en in letter. De auto kaam by ús yn it hok te stean en de ôfspraak
wie dat pake, ús heit en omke
Roel, de auto mei syn trijen
brûkten. De trije mannen
moasten noch efkes in moarntiid
nei Wiersma ta om it autoriden
te learen. Dat wie yn in
moarnskoft klear en dat wie
ek tagelyk it riidbewiis. Dit
alles hie ta gefolgen dat wy sa
no en dan mei ús heit en mem
sneins mei de auto út te riden
gienen nei Appelskea ta. Dat
10 Mandeguod
׉	 7cassandra://lq4eqHe05TP26yMrqilmEr1WvOPfcgB0rDRSI7K7iOs"`̵ _,e׉E	wie prachtich. It hege sândún, de lûdsprekker bûtendoar mei moaie muzyk
en sankjes en de greate boarterstún (Duinensathe) Wy wiene der net by wei te
slaan. Wy gienen ek ris in pear dagen nei Arnhem ta. By Stienwyk rieden wy
oer de earste heuvel. In lytse hichte yn de dyk dêr, wie in berch nei ús bêste
witten. Yn Velp trije dagen yn it hotel, mei de auto nei en oer de Zijpenberch,
nei de bedriegertjes (je koene dêr samar ûnferwachts wiet wurde) nei Burgers
bistepark en lekker ite, drinke en sliepe. Dizze reis hat makke dat ik fan reizgjen
noch altiden genietsje kin. Foar my is Gelderlân mei omkriten noch altyd
it moaiste plakje op ierde.
Op in oare kear rieden wy mei heit en mem op in waarme dei mei de chevie
nei Hylpen (Hindelopen) ta. It doel wie baaie yn it Ysselmar. Itenstiid bedarren
wy yn it paviljoen om wat te drinken en te iten. Underwilens hie ik al sjoen
dat der in buoi (bui) oan it
ûntstean wie. Dat sei ik tsjin
ús mem en nochris. Dy sei:
“Ach jonge wêr hast it oer”. It
paviljoen hie dikke ruten en
in dak fan dik glês. Ik rûn wer
nei bûten en seach dat de buoi
tichterby kaam. Ek seach ik
dat der in soarte fan slurf oan
hong. Ik wer in berjocht oan
ús mem. Dy sei: “Jou dy mar
del it is in tongerboui, wy
sitte hjir goed en droech”. It
waard skimerich en it begûn te
tongerjen. De wyn helle oan en doe die ús heit de doar iepen en seach de
grutte slurf (wynhoas) ek oan kommen. Hy fleach sûnder jas nei de chevie ta
om de auto op ’e rem te setten.
Doe wer nei it paviljoen werom. Swiere tonger, grauwe hagelstiennen op it glêzen
tak en in gûljende wyn. It wie eangstich tsjuster en dêr seagen wy flak by de
wynhoas. Dy pakte it paviljoen krekt net mar wol de boppegrûnske houten
elektryske peallen. As lúsjefersprikjes fleagen se troch de loft en klapten doe
op ’e grûn. Ek de boerehikken fleagen troch de loft. It ljocht wie útfallen, it wie
tsjuster en de finsters sieten fol skuorren. Ek it dak wie alhiel skansearre. Wat
wie ik bang! En doe wie it stil. De buoi wie foarby en de chevie hy stie noch
op it selde plak. Sûnder krassen en dûken. Wy hawwe nea wer nei Hylpen te
swimmen west. Foarsafier ik wit, is it paviljoen net wer opknapt wurden en de
klap nea wer te boppe kommen. Der wurdt de lêste jierren al oer restauraasje
praten. It soe foar Hylpen in opkikker wurde kinne.
Wy wiene ek op gymnastyk. De feriening yn Raerd hjitte “OSO” (oefening
sterkt ons) De gymmaster wie Kuipers fan Reduzum. Yn de âlde beukerskoalle
Mandeguod 11
Paviljoen Hylpen
׉	 7cassandra://JOOvHhmNgHkt7eRJd70fP7kdK8FCliGuYE3cC4iaLxs$/`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://WPNFUGYuy6RbZVbSRStgyPP5l7k8XLOfid9PkwSaiBI v` ׉	 7cassandra://Vh9t2wkgrbnJ9J-Yod4GtF_l8rpr8xfzQ27xma5X1Q0͎^`S׉	 7cassandra://DDvgU83SuMFTlCfwRi76Xy81jNDNUqzUCDa-2lknUus#`̵ ׉	 7cassandra://cBWUspv9ZrFoTut50w94x69n0EQv_3K6Fdmsaw8omccp͠_,eDט  {u׉׉	 7cassandra://PIkiSvnCECltm2KerSpje399Ux65083M0BncAUg12PE %` ׉	 7cassandra://RwKxoLjEghVb4Xcw443zRNG7bNTa2uPraxls5CJzWw0͘`S׉	 7cassandra://8GOD-QKZ92mqmLWje3SDCAzGtOFLVv7iecmvgxPG6Rc%m`̵ ׉	 7cassandra://4UxCZAeO-8yZ_hIh1cznIT1T-BJSeuJZQdpPdSIqEg4͚+͠_,eE׉E
krigen wy pittich les. Kuipers hie de swipe der ûnder. Lichaamlike oefeningen,
brêge, wandrek, ringen en rekstok oeral waard yn oefene. Dit wie allinne
it winterskoft. Simmerdeis wie it sneins turnjen op keatslân. Hurddrave,
fierspringen, heechspringe, spearsmite, diskussmite en sjo-oefeningen.(meielkoar
op muzyk ritmyske oefeningen dwaan) Gauris hiene wy dan turnwedstriden
mei de omlizzende doarpen. Weibliuwe wie der by Kuipers net by. By’t
winter hiene wy gymnastykútfierings yn kafee Harm de Jong yn Raerd. Twa
drokke jûnen yn de boppeseal. Foar’t de rekstok te brûken wie, waard in lûk
út de souder helle. De oefeningen waarden gauris op it ritme fan grammofoanmuzyk
útfierd. Nei ôfrin fan it gymnastykbarren, kamen de bruorren Venema
(Lauw en Gosse) mei de akkordeons op it aljemint mei Fryske en Hollânske lietjes.
Jappy Sietsma song der dan by. In pracht feest. Om tolve oere kaam plysje
Nijboer dan mei de kop boppe it souderlûk út mei de meidieling dat it bêdtiid
wie. Ik mien dat ik sjoen myn leeftyd in hiele soad oan Kuipers te tankjen hân
haw.
Ik haw ek wolris ferteld dat pake Tsjerk wol fan hanneltsjes hâlde. Hoe en wat
wit ik net mar hy kaam op in kear by Ozinga om in feehanneltsje. Dêr trof hy
de soan oan de kofjetafel. Fan praat komt praat. De soan Frits fertelde pake dat
hy mar yn in âldmoadrige auto ried. Pake hie net folle ferstân fan auto’s en
frege dan as Frits bettere auto’s
stean hie. Frits sei dat er dy wol
hie. Frits bliek krekt in garaazje
yn Snits kocht te hawwen en hie
wûnderbaarlike auto’s te stean.
De feehannel gie oer en pake
bedarre by Frits yn Snits en dêr
stiene de Fords. Der wienen twa
soarten. De V 60 PK en de V 85
PK. It wienen streamlinige auto’s
en pake wist net wat er seach. Dy
V 85 wie super moai. Pake
Amerikaanske Ford V 8
efter it stjoer it kaaike yn ’e hân yn it kontakt en omdraaie. Mar de motor die
niks. Doe sei Frits dat er efkes op it wite knopke drukke moast. Sa sein sa dien.
Pake hearde noch neat. Dan mar efkes nei bûten ta. It ear efkes op ’e motorkap
en doe hearde pake in lichte brom. (De V 8 sylindermotor) Jo hawwe it al yn
’e rekken, pake kaam net mei in bist mar mei de Amerikaanske Ford thús. It
“neusje van de zalm” doe. Ik kin my as jonkje noch herinnerje hoe stil dy auto
ried. It gie as fansels. Tsien jier ferlyn haw ik yn it Ford museum dy auto wer
op socht. Ik fûn him noch moai mar minder moai as de auto’s fan hjoed de dei.
Dizze auto wie dan ek tachtich jier âld. Myn auto is noch altyd in Ford mar
gjin V 8.
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://DDvgU83SuMFTlCfwRi76Xy81jNDNUqzUCDa-2lknUus#`̵ _,e׉E
lOp de pleats moasten wy gauris mei helpe. Us heit wie stamboekboer. De
karmasters fan it stamboek kamen sa no en dan delsetten om de kij te keuren.
Us heit en Hink wiene der fol fan. As in ko 80 punten krige, dan wie it in bêste
ko. In dei foar de keuring moast it fee himmele wurde. De kandidaten waarden
fan stâl helle en moasten nei bûten ta om te rinnen. Nuvere bokkesprongen
waarden der dan makke en wy as jonges hiene dan hâlden en kearen. Nei in
skoftke as in ko wat kalmer waard, krigen se in amer mei wetter oer de hûd
en waarden se goed mei sjipsop bjind.(boenen) De sturt krige noch in ekstra
beurt en dan waarden de Sjoukjes, Pytsjes ensafuorthinne mei wetter ôfspield.
Dêrnei krigen dizze bisten nochris in kowedek om. (koeienjas) De sturt moast
úttyske wurde, en dan wer efkes mei de kowefroulju te kuierjen. It wie net
allinne kuierjen, de kij moasten ek leard wurde om stil stean te bliuwen.
De poaten goed te plak sette en de kop heart yn’e hichte hâlden te wurden.
Slagge dat allegearre wat knap dan koene se op harren eigen plak op stâl setten
wurde. It wie de bedoeling dat as de karmaster de oare deis kaam, it jaar (uier)
net alhiel útmolken wie. Dit allegear om it in moaier byld te jaan.
De oare deis kaam de karmaster. Wy wisten allegear dat Bootsma it meast fan
platte bisten hâlde en dat Haije Boersma leaver in grutte ko seach. De boer
krige foar de tiid gjin berjocht hokker karmaster lâns kaam. It barde dan soms,
as Bootsma kaam, dat in pear grutte kij op stâl stean bleaunen. As Boersma dan
wer ris kaam, bleaunen der wolris in pear platte kij op stâl stean. It makke dus
wol út hokker karmaster kaam. De kij waarden stik foar stik fan kop oan tean
mei de tomstok bemetten, oan alle kanten besjoen en der moast in eintsje rûn
wurde. Dizze mannen skreaunen alles fan de ko yn in boek en wy moasten ús
stil hâlde. Us heit hie allinne it rjocht om foarsichtich in opmerking te meitsjen.
Ek de karmaster liet soms in pear wurden los. Al mei al wie it by ús efter
de pleats in spannende oere. Wie de karmaster klear, dan giene wy allegear
meielkoar yn hûs. Us mem hie de kofje klear mei in grou stik koeke fansels.
En dan waard der hiel wat ôfpraat. De
punten fan de kij mochten net sein
wurde, dy kamen letter mei de post.
Mar dochs wisten wy nei de kofje hoe
as it sawat siet mei de punten. It wie
hjir dan ek in spultsje fan “spreken is
zilver, zwijgen is goud”
Myn broer Hink en ús heit hiene it talint,
dat sy fan eltse ko de namme mei
nûmer wisten. De kealtsjes en it jongfee,
se wisten altyd wa fan wa wie. Se
wisten ek wat in bêst bist en in minder
By it kealtsje Trynke en Tsjerk Bottema
Mandeguod 13
׉	 7cassandra://8GOD-QKZ92mqmLWje3SDCAzGtOFLVv7iecmvgxPG6Rc%m`̵ _,e	_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://pLwZ76uHP6lhxUsFgqclMOuJObeXK8F-vGgSzSCJY8A ` ׉	 7cassandra://2FvBhIScDzE42FZ79Yma1AShMO2G8rMdqDY9pYhqv0g~'`S׉	 7cassandra://SU1r4rIyc_hxz6GUxANu4rOZnbKrii0U_qrQRVk2zB0 o`̵ ׉	 7cassandra://-pRL-JNnf3o8S8dchDce9YACLtY79UD8_mj0YNpiG-Q͝ ͠_,eGט  {u׉׉	 7cassandra://RmD5XHMBmdgU_S4ig80JbfuFkIuQ5g1HqGEeS5QlmRs q$`׉	 7cassandra://WQjBBR9jaGiVadHOJl-Kp-tJhf0yV_fWBAvdg3HtOYcp`S׉	 7cassandra://VkdWBguMH3OZ2yagE-FTdWzelxFT3FbM16isXuCoxD4!t`̵ ׉	 7cassandra://1M6YNydoriN-_6W--eQMSs67E60_3j6GIZo3UkDww9M4͠_,eH׉Egoed bist wie. Ik hie dat talint net yn my. In ko wie in ko en in kealtsje wie in
kealtsje. Ik koe se mar min útinoar hâlde. Sels ús mem koe de kij better as ik.
Foar my wie dat net altyd like moai. De keurderij fan de kij, it sei my neat. Ik
hie der sels in hekel oan. De dúnske kij moasten gauris nei de bolle fan Jaring
Schaap ta. Dat wie in hiele rinnerij nei Dearsum. Alle kij hienen der ek net
altyd nocht oan om sa’n ein te rinnen.
Rommert of Goaitsen hienen Wykje oan it helter fêst. En myn persoan moast
de ko mei in stokje oanjeie. Auto’s wiene doe hast net op ‘e dyk, mar in moai
wurkje fûn ik dat net. Broer Hink wie der noch te lyts ta. By Schaap gong it net
altyd like maklik. De ko en de bolle wiene ek net altyd like hastich.
Yn 1936 krigen wy der in suske by. It makke ús leau ik net sa folle út. Doe’t
se wat âlder waard, wie se wol ris wat kringeftich, mar ja dat koe ek oan ús
lizze. Sjoerdtsje wie har namme. Sa no en dan giene wy mei ús heit en mem
op fakânsje. Yn it earst oan bedarren wy dan mei de auto yn Appelskea yn it
kompagnonshotel oan de feart by de slûs. Wat wie soks doe prachtich. By de
boskberch galmen Hollânske lietjes oer berch en bosk. Wat in fermeits! Gauris
wiene wy dêr. Letter giene wy nei Velp by Arnhem. De Zijpenberg en de Posbank
wienen foar ús de moaiste plakjes yn ‘e wrâld. De Zijpenberg is in bysûnder
stikje Nederlân, sis mar “Unyk” As men dizze hichte (110m) op rydt komt
men in tsiental hierspjeldbochten tsjin dy’t net ûnder dogge foar bûtenlânske
hierspjeldbochten. Bosken en heidefjilden wikselje inoar ôf. De Posbank is in
hichte mei in fiergesicht oer de heide oan’t de Steeg ta. It moaie park Rosendael
mei kastiel en bedriegertjes (ûnferwachte fonteintjes, wêrfan men wiet as
in dweil reitsje koene) komt men dêr ek tsjin. 75 jier ferlyn wie ‘k dêr foar de
earste kear. Dit jier wiene wy der wer. Neat feroare, op’e nij hartstikke moai.
De Zijpenberg en de Posbank
tenei mear
Mandeguod 15
׉	 7cassandra://SU1r4rIyc_hxz6GUxANu4rOZnbKrii0U_qrQRVk2zB0 o`̵ _,e
׉E“Sa wie it doe” (diel IV)
Sa njonkenlytsen siet dizze man yn de 7e klasse. De âlde skoalmaster hie in
sike frou dat fan lesjaan kaam net folle terjochte. Wy hawwe it op skoalle altyd
tige nei ‘t sin hân. Der waard thús besprutsen en beslúten dat dizze skriuwer
mar nei de MULO yn Snits moast. Boer wurde like elkenien noch net sa goed
ta. Nei de lânbouskoalle koe altyd noch. Op de fyts nei Snits, wat in feroaring.
Fansels moast it earst wol wat wenne. As it strie min waar wie, koenen wy
mei de LAB bus. Dizze reade bussen rieden hinne en wer fan en nei Snits. Der
wienen gjin bushaltes. Men koe de hân efkes omheech stekke. De bus stoppe
en men koe yn stappe. Wie men mei de fyts ûnderweis en it begûn te reinen?
Gjin probleem. Men skûle efkes efter in beam. Rillegau wie de LAB der wol
wer. Hannen omheech de sjauffeur út de bus, mei it treppentsje boppe op ‘e
bus, wy de fyts oan rikke en de fyts waard yn it fytsrek boppe op de bus stutsen.
Mei hurde wyn fleach de sjauffeurspet ek wolris ôf. Wy wienen net te min
om dy wer op te sykjen. Eltse bus hie in aardige konduktrise mei kaartsjes.
Wy kenden de sjauffeurs en konduktrises by de namme. Moarns en jûns wie it
LAB bus
10 Mandeguod
׉	 7cassandra://VkdWBguMH3OZ2yagE-FTdWzelxFT3FbM16isXuCoxD4!t`̵ _,e_,e
{בCט   {u׉׉	 7cassandra://3pH8UKssTYSbs8HryRV215L7PrHl_WWBCC-9OWQjYtM /` ׉	 7cassandra://TD1iqiV2MTlS84Xj6orl4asCFuGoqW8Y_THLnsgT49Q͖'`S׉	 7cassandra://KzC78Gi3i4vAI49gqhTTivFeaPABGhMUeIsuKcwy_CA%`̵ ׉	 7cassandra://6I8D379rUMPEiX5KnWcllanSaskGek1FlgVHeNZYJBI`͠_,eJט  {u׉׉	 7cassandra://O6J6OfjDD3rNV3-PCF2IKudRhk_530fWWANCmmLKEVY  Q`׉	 7cassandra://cxa9hMYc6Hfs96IzL7sP9PRI7-X32-6tRpEZWXq3Qrw͎`S׉	 7cassandra://iFmW08bz8AAieraoiKc5hJ2aEQ7kFhG-qnGHZJ3xy-4$`̵ ׉	 7cassandra://AZx7z9oSxuXjsRDqsCRe0VwcRmW7SSWe31IgeEn6BbIͮ7(͠_,eK׉E
Kdan echt gesellich yn ‘e bus. Elts koe elts sa’ n bytsje en men krige de yndruk
gauris dat men leaver mei de bus gie as op ‘e fyts. Mei min waar sette de LAB
in twadde folchbus yn sadat elts op tiid op skoalle wêze koe. As ús mem nei
Ljouwert ta woe mei de bus, dan rûn se oer de wite brêge (Syltsjesleat) nei de
Easterwierumer hoeke. In buskaartsje wie dêr in dûbeltsje goedkeaper. It wie
gjin súnigens mar elts dûbeltsje wie doe moai meinommen. As de direkteur
(de Waard) fan de LAB dan ek noch efter it stjoer siet, wie de dei foar ús mem
goed. Wat in busservice foar dy tiid! Der komt noch by, dat wannear wy efter
yn it lân oan it wurk wienen, altyd wisten hoe let it wie. Horloazjes hiene wy
net. Mar de LAB joech de tiid oan. Se hienen ferskillende bussen lyts en great
mar allegear read. As it klupke nei Snits ried om 11 oere moarns, dan seagen
wy dit buske trije kertier letter oan de oare kant fan Dearsum al wer oan kommen.
Dan sei ik: “Ik sjoch it klupke mannen, it is iterstiid!”
En dan komt dy nacht dat
wy wekker wurde fan it
brommen fan fleanmasines.
Heit en mem komme
by ús op ‘e sliepkeamer
om te sizzen dat it oarloch
is. De Dútsers komme der
oan. Fan it sliepen komt
net folle mear. Under it
teedrinken kriget ús heit
post dat hy him melde
moat op it Gemeentehûs
en syn soldateklean mei
nimme moat. Us mem is oerstjoer. Hoe moat dit allegear en hoe komt it
allegear. Der wurdt oerlein mei de faam en de beide feinten yn it bûthús. Heit
is net sa hastich om fuort te gean. En dan om 10 oere op ’e nij in brief mei it
berjocht dat heit net mear op it gemeentehûs hoecht te kommen. It blykte dat
de Dútsers sa hurd kamen dat de organisaasje fan it leger der net op berekkene
wiene. Dy deis hawwe wy grif net nei skoalle ta west. Dat it oarloch wie, ik
fûn it ferskriklik. En wy allegear fansels. Mar wat wiene wy bliid dat ús heit
wer thús wie. De hiele oarloch lang haw ik lêst fan spanningen hân. Jo wisten
net wat je boppe de holle hong en wat der allegear spile. Us âlde radio op in
akku, kreake der noch wol berjochten út mar al hiel gau kamen der Dútske
berjochten troch. De Ljouwerter krante waard hyltiid tinner. De earste dagen
fan de oarloch wie de Snitser strjitwei besiedde mei kollonnes fan Dútske
soldaten dy’t al sjongende, de moed al rinnende der yn hâlden. Dêr tusken yn
it hynstefolk mei groepen hynders, auto’s, motors en oar materiaal. Wy hienen
noch nea safolle drokte op ‘e dyk sjoen. Wy hearden ek al gau dat dizze legerkollonnes
nei de ôfslútdyk giene en dêrnei fan doel wiene nei Hollân te gean.
Dútse Luftwaffe fleanmasines
Mandeguod 11
׉	 7cassandra://KzC78Gi3i4vAI49gqhTTivFeaPABGhMUeIsuKcwy_CA%`̵ _,e׉E	Ferdidiging ôfslútdyk
Bunker op ‘e ôfslútdyk
De bunkers op ‘e ôfslútdyk wienen in rare bariêre foar de Dútsers. Wy hearden
de kanonnen bolderjen, mar al gau krigen de oanfallers yn ‘e gaten dat sy de
ynname fan de ôfslútdyk wol ferjitte koenen. Doe setten de Dútsers de oanfal
yn op de saneamde Hollânske wetterliny wêr mei oare troepen nei de Utertske
Heuvelrêch. En dat mei help fan de luftwaffe. Der wie gjin kearen oan. En ús
regear wie doe sa ferstannich om it mar op te jaan. Ik bin en wie doe ek bliid
dat men mei fjochtsjen op hâlde. Dit beslút hat in hiel soad libbens besparre en
it joech my ek in sekere rêst. Ik sil de iennigste net west ha, dy’t sa tocht hat.
Stadichoan waarden de problemen dêrnei grutter en grutter. Wy hawwe mei
makke dat in groep Dútske soldaten dy’t boer wienen by ús yn it bûthús stiene
te gûlen doe ‘t se seagen hoe moai wy it noch hienen. Dat ien man makke hie,
dat dizze oarloch ûntstean koe mei al syn ferskriklike dingen. Hitler hat in
great loeder west. Mear in dom bist as in minske.
It lêste winterskoallejier dat ik op de legere skoalle siet, ferjit ik nea wer wat
de winter oanbelanget. It koe doe tige winterje. De greate swarte kachels yn
ús skoallelokalen moasten goed opstookt wurde om it yn skoalle waarm te
krijen. As wy moarns yn skoalle kamen, wie sa’n kachel wolris gloeiend read
fan it fjoer. Der siet in stek om hinne foar de feiligens. As der dan wer ris snie
kommen wie, waarden der klompen, learzens, jassen, wanten en mûtsen om
it kachelstek hinne lein. Master Duisterhout wie net te beroerd om dat saakje
sa no en dan wat om te kearen. Der waard stookt mei kooks. (grutte koalen) De
warmtegolven seagen je wol boppe de kachel útkommen. It wie sa wol smûk
yn it lokaal. Ik leau net dat wy dan kâld wienen. As wy dan al sa wat learende
yn de skoalbanken sieten en wy seagen de snieflokken dwarreljen, dan hiene
wy wer sin oan it frije kertier. Dêrnei hiene de famkes hantwurkjen. In skofte
siet ik as ienichste jonge allinne mei de famkes yn de klasse. Myn kameraden
(maten) wienen siik of mei it turfskip fuort. Juffer sei: “Do kinst wol mei de
famkes hantwurkje”. Sa sein sa dien. De keunst fan it sokstopjen haw ik my
doe oan leard. Anneke Bloem (no myn buorfrou frou van der Ende) wie ien fan
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://iFmW08bz8AAieraoiKc5hJ2aEQ7kFhG-qnGHZJ3xy-4$`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://IOkauaGB_-n3K1uGazMbViPGNCANDxoCTIpXCBn1X40 z
`׉	 7cassandra://gWSucKhMSnKiasLtYvteUl-OpBb4clPeaqEGZd-XROI͂c`S׉	 7cassandra://qQkMLlXymAyxqKdfnmC1z5Nd8jdNasbNvudxIfrWPM4"`̵ ׉	 7cassandra://QqNIVH9ussY1jQATuV47BaTH566y5DDvtKENrQSlbE4ͩ4͠_,eMט  {u׉׉	 7cassandra://wChkvtq9UY3gsvjcBtjgNGAozWz5PaQD64ctMu8jvyg `׉	 7cassandra://D8APveHKD7MtJTilGbHdp5HwrEAUlhbcQkUJXlXVSi4͌`S׉	 7cassandra://x_GemXQfOG-_-9w7wMjR5gcAYbDOqJXHJTtjR7t7biA"W`̵ ׉	 7cassandra://Wj_HqVi5c2mjZLWRlIQqpLfxlnWwW9O8OC6eelsjcbE͑z(͠_,eN׉E2de sokkestoppers op skoalle. Wy
gongen fansels op ‘e fyts nei skoalle
ta. Us mem woe ha, dat ik in mûtse
op die. Ik hie in aardich kúfke hier
op ‘e kop en sei dat ik net in mûtse
hoechde. Ik hie gjin kâlde earen.
Dat lêste wie fansels net alhielendal
wier. Ik hie de hannen ek
wolris oan ‘e earen. It wie fansels
in spultsje fan “eigenwiis” wêze.
Ik haw it lang fol hâlden sûnder
mûtse.
Tritich jier ferlyn begongen myn earen
te skilferjen. En dan benammen
yn de simmer mei sinneskyn waar. Nei de dokter en dy stjoerde
my nei it sikehûs ta. De spesjalist trof kankerplakken oan. Der moast operearre
wurde. Ik hie lokkich greateftige earen. De eardokter hat de ferkearde stikjes út
de earen wei nommen, de boel wat rjocht knipt en my warskôge foar de sinne.
Fan de bern haw ik in hoed krigen en fan Sypersma autobedriuw in mûtse. Ik
haw de spesjalist net ferteld dat ik by it winter altyd eigenwiis wie.
sokstopjen
It wie net allinnich de kachel yn ‘e skoalle dy ‘t ferskate winters fûl brâne
moast om it in bytsje behaachlik te meitsjen. By ús thús midden yn de keamer
stie in moaie greate brúne kachel. Boppe op ’e kachel koe in tsjettel of
in panne stean. Dizze waarmtemakker wie fan stien en moai glêd. In lange
skoarstienpiip ferdwûn yn ‘e muorre. De brânstof wie antrasyt dy ‘t turfskipper
Tiemersma by it hjerst yn ‘e skuorre brocht. By fûle winter bleaun de
kachel ’s nachts in bytsje troch brânen mar moarns moast hy (de brúne) wer
los. Sinne hiene wy net yn ‘e hûs mar wol grutte rúten. Dyselde rúten wiene
iterstiid noch altyd bedutsen mei iis. (blommen op ’e rúten) Soms kaam der
yn de rin fan de middei in lyts
gatsje yn ‘e blommen. De brúne
koe soms in hiele wike lang
gjin gatsje yn it iis krije. It fielde
as sieten wy dan yn it tichthûs.
Noflik sil it net altyd west
hawwe mar elkenien wie oan it
wurk en dan hâldt men it lang
út. As it sterk iis wie bleaun de
fyts yn de skuorre stean en gong
it op redens de Snitserâldfeart
del nei skoalle ta. Wy koene ús
efter hûs opbine. Mar mei in
Snitserâldfeart
Mandeguod 13
׉	 7cassandra://qQkMLlXymAyxqKdfnmC1z5Nd8jdNasbNvudxIfrWPM4"`̵ _,e׉E	(skrale wyn út it easten wiene it moarns betiid soms drege ritjes. Broer Hink
stie stabiler op it iis as myn persoan. Ik hie in soad lêst fan skuorren yn it iis
en Hink dy fleach mar raak. Soms lei der in soad snie. Ien winter hawwe wy
mei makke, dat alle sleatten fol leine mei snie. Dy snie wie hurd fêrzen. Wy
koenen wiken lang skean oer nei skoalle ta. Gjin greppels gjin sleatten it wie
ien wite flakte. Wy wisten doe fan gjin skyen, oars wiene wy grif op skys nei
skoalle ta gien. De Snitserfeart wie muoisum te beriden troch sniebroei. Dy
broei wie gefaarlik. Dat hat Raerd witten. It lytse famke Aly Boersma boarte op
‘e snie op de Aldfeart en is troch de broeisnie sakke en ferdronken. In ramp
trof Raerd. Aly wie in kammeraatske fan myn suske Sjoerdtsje. Yn ien kear
wie de moaie winterwille oer. It wie begjin Maart noch allegearre snie en doe,
yn in pear dagen tiid wie de measte snie fuort. It lân kaam grien ûnder de snei
wei. Wy moasten wenne oan it begjin fan in nije maitiid. In maitiid sûnder
lytse Aly.
Yn it begjin fan de oarloch feroare der
by ús net sa folle. Stadichoan kamen dy
feroaringen wol. Alle nachten wienen der
fleanmesines yn ‘e loft. De fleantugen goaiden
alumium lintsjes út harren tastellen. It
lei somtiden besaaid op it lân. Earst wisten
wy net wat dat ynhâlde. Letter sei men dat
it in soarte fan radar wie. De gefolgen fan
dy lintsjes soe wêze kinne, dat de piloaten
it paad bjuster rekken.
De petroalje en bensine waarden earst krap. Yn it bûthús hienen wy petroalje
lampen. Sûnder petroalje gjin ljocht. Der kamen karbidlampen yn’e hannel en
dy krigen wy ek. Wy hienen wer wat ljocht mar it wie wol in hiel gesoademiter
mei dy dingen. Jûns en moarns moast der nije karbid yn. De âlde karbidbrij
moast dus twa kear deis út de lampen helle wurde en de pitten moasten
gauris trochstutsen wurde. Mei it wetterkraantsje op sa’n lampe moast men de
wetterdrip regelje. Tefolle wetter dan
fersûpte de karbid. Te min wetter, in
skiterich ljochtsje. It wie gauris myn
putsje om te soargjen dat der oeral wat
ljocht yn ‘e pleats wie. Der siet noch
al wat tiid yn om alles wat yn it ljocht
te krijen en te hâlden. Men moat wol
betinke dat wy gjin elektrysk hiene en
dat dizze sitewaasje de hiele oarloch
duorre. Men stonk de hiele dei sa’ n
bytsje nei karbid.
tenei mear
Mandeguod 15
׉	 7cassandra://x_GemXQfOG-_-9w7wMjR5gcAYbDOqJXHJTtjR7t7biA"W`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://nUpwxnLDnUq9CunWXM-8rGEU5zFtQsMulOUAlg_sGoU [`׉	 7cassandra://GA01spyaywXEIxRPSL7LKSDspJLwKUdTAuAN5WqLvCcn`S׉	 7cassandra://ja4Wt4xUD6grF5pILhF0FFK-ZZjkGQdUeCO34DvQG8E`̵ ׉	 7cassandra://F3m1EJ2-uZbaKGZGV9ql8ET-9AJkNZFf6mC4uwLqX00ͭs(͠_,ePט  {u׉׉	 7cassandra://vtE9v7Jf51Vw-37Y4LLdXoXxQfZq0dtj7Vwk30jHQng `׉	 7cassandra://2whQMHIRIvh8M_WyjCyFPC1H_sSxLIygnvFKGMdZZgk͎`S׉	 7cassandra://afsWXakIA2LUtbgwoDYnBy0y8Orsti0fgt1bVBRCWtM$`̵ ׉	 7cassandra://zncG8M_WpD03zVqm2nj8buz8e1TDBI6nYKF8lU9xb18ͧ" ͠_,eQ׉E“Sa wie it doe” (diel V)
Wy wennen sa’n 400 meter fan de strjitwei ôf en de molke waard mei hynder
en wein nei de dyk ta brocht. De reed wie ferhurde mei sintels en de âlde
molkwein mei izeren hoepen om de tsjillen, joech nochal wat lawaai. De âld
swarte wie mak en net hastich. By de strjitwei oan kommen moast hynder en
wein mei bussen, swaaid wurde op ’e
dyk. Gjin drokke dyk dus en in kalm hynder.
Dy swaaierij joech gjin inkeld probleem.
De bussen fan 40 liter fan 'e wein
ôf en de bussen mei waai en sûpe foar de
kealtsjes dan wer op pleats ta. *De swarte
(paard) gie mei in sjutteldrafke mei it
hiele swikje wer nei de dyk ta, mar as er
dan wer nei de pleats gyng, die se dat mei
in lichte draf. As der simmersdeis yn dat
lân molken wurde moast mei wein en
hynder, dan die de swarte it de hinnereis
kalm oan. Yn 'e reed siet in lichte slinger.
As it dan ’s nachts snijd hie wie it foar ús
soms muoisum om it goede paad nei de
dyk ta te finen. De swarte hie dan gjin
Molkbussen fan 40 liter
inkelde muoite om de reed sûnder te mennen te finen. Mei mist en tsjuster
waar wie dat in great genot. “De swarte”, wat wie it in snoad en leaf hynder!
De *trekkers (tractoren) fan hjoed de dei, se kinne in hiele soad, mar se kinne
net dat wat de swarte doe al koe.
Ik wie noch op skoalle yn Raerd. Yn wêzen in lyts doarpke mar der wienen dêr
in protte winkels. Bakker Tolsma, Bruinsma en Ganzinga. Ik wit noch dat de
yn Mantgum bekende Ids van der Ende doedestiids bakkersfeint by Ganzinga
10 Mandeguod
׉	 7cassandra://ja4Wt4xUD6grF5pILhF0FFK-ZZjkGQdUeCO34DvQG8E`̵ _,e׉E	wie. Hy kaam alhiel út Beets. Winkelmannen (kruideniers) wienen Donia,
Heida, Japiks Anne, Siksma en frou Wytsma. De lêste hie in winkeltsje flak
by skoalle. En mannich sint waard fersnobbe by frou Wytsma. Foar ús mem
mochten wy ek graach in boadskipke dwaan by frou Japiks. Dêr krigen wy
altyd te *snobjen. (snoepen). Der wienen 2 slachters, Sytsma en Felkers. Lêst
neamde hie in kreaze dochter Anneke. De jonges fan de heechste klas strúnden
doe al om har hinne en dat is jierren lang sa bleaun. Eade Postma hie in
petroaljewinkeltsje mei oar lyts guod. Jappy
Venema hie in klean- en bêdewinkel. Jappy
kaam in pear kear yn it jier mei in pear koffers
op 'e fyts by ús thús. Dy koffers waarden dan
yn ’e hûs lege en dan wisten jo net wat der út
kaam. Ik leau dat it measte frouljusguod wie
mar der wie ek hast altyd wol wat foar ús by.
Kleinhuis hie in fytssaak en wy hienen smidderijen.
De hynders krigen nije hoefizers en
dat rûkte sa lekker!....Smid Holtrop hie ek nije
fytsen en Smid van der Meer koe elk
*akkefysje (probleem) ferhelpe. Wy hienen ek
2 timmersaken yn Raerd. Jantsje Kuperus fan
’e iene timmerman siet by my yn 'e klasse. Har
suster Ymkje siet in klasse heger. Kaam ik
Hoefsmid
okkerwyks yn Nij Dekema om wat jild út de automaat te heljen. Dêr
komt in frou op my ta: “hoi Tsjerk!” wie it. Ik koe har earst net thús bringe mar
har stim kaam my net ûnbekend foar. Dêr steane jo dan foar Pyt Snot.
Doe ynienen die 'k in skot. “Bist sto misskien
Ymkje?” en ja, it wie Ymkje! Se wie der net grutter
op wurden, mar noch wol itselde kopke.
Sels sakje ik ek wat nei de grûn, mar dat hawwe
jo fan jo sels net yn 'e gaten. Inoarren yn 50 jier
grif net sjoen. Wat is soks dan in moaie moeting!
Ik moat noch mar ris nei Nij Dekema ta. Fansels
hienen wy yn Raerd de brijkarre ek. Op de karre
bussen mei molke, sûpe en sûpenbrij. De produkten
waarden de *mingel (liter) ferkocht. Yn
Easterwierrum wie Jan Wybes in lang skoft de
brijboer. As jong feint hat hy in hiel skoft op 'e
pleats lyts feint west. Yn Mantgum haw ik oars
net as de Bylsma’s kinnen. Heit, soan en frou
Bylsma brochten de Mantgumers en ek de Jorwerters
harren suvelprodukten. (“melk de witte
motor”) De Bylsma’s hienen harren hûs mei winkel
oan de His fan Botnialeane, yn it hûs
Jan Wybes Altenburg
Mandeguod 11
׉	 7cassandra://afsWXakIA2LUtbgwoDYnBy0y8Orsti0fgt1bVBRCWtM$`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://oDb3eYGAdKGbtawiGr4YuejxAq91gcqm8NNHQX5QPI8 `׉	 7cassandra://Yp20aPk07DFVta1vV3vJXlO7kMkmpiAQmfhwBIwKbCQ͉S`S׉	 7cassandra://8nZpePGrsZ5xp8q5KHVMAG6VB9nIZbb3oq0XxqjgcfA%m`̵ ׉	 7cassandra://Cu8kYSDVR-C9kKVGZKsHd0QMRK_1GS2QBCGF3XX0iKc4͠_,eSט  {u׉׉	 7cassandra://XEjJVeZf1tqWK1LaX1csUUEVSuYfjUFEjPw50JBuEI0 `׉	 7cassandra://BcmCnI0cHHdHNcXRimqq_3LXMdSPyIXmJsfuuIW1yUAͅY`S׉	 7cassandra://ZcmoT1rJAcd0Ivz5iwyz2PUxhXOaYetgps1WrzQWAJk#`̵ ׉	 7cassandra://WADhBWaFDtZjsOh5AdqmMPuPcAZXEdMWp69WluzmdFoȣ͠_,eT׉Ewêr’t no de famylje Weijer wennet. De Bylsma’s wienen sympatike minsken.
Eartiids gongen de doarpsminsken gauris nei de winkel ta om boadskippen.
Bûten it doarp waard it winkelspul troch de winkelman brocht. Eltse dei hie
men bakkers, winkelmannen en sa no en dan de fiskferkeapman of *negoasjeminsken
(verkopers aan de deur) mei spjelden, nuddels en fiters oan de doar.
En de slipers woenen ek graach skjirren en messen slypje. Yn ús omkriten
koe men gauris Sjoerd Brattinga fan Boalswerd tsjin komme. Syn fyts wie fan
foaren en fan efteren foltroppe mei tou en halsters. Hy gong by de boeren lâns
om syn guod te ferkeapjen. Hy hie in pinne oan it eftertsjil. Dêr stapte Sjoerd
op en plofte sa op it seal del. Sjoerd wie net sa great en syn holle seach krekt
boppe it tou út. Wy koenen der eins net by hoe ’t dy man sa fytse koe. Mei
hurde wyn rûn hy by syn fyts. Hy hie hâlden en kearen om de boel oerein te
hâlden. It wie mei Sjoerd
in begrutlike fertoaning.
Der waard altyd wol wat
fan him kocht. Mar men
moast earst efkes tingje
want Sjoerd wie oan de
djoere kant. Hy krige lykwols
wolris in
hapke iten of drinken.
Letter sei men dat Sjoerd
de helte fan de Boalserter
eigendommen yn syn besit
hie. De Brattinga winkels
binne der noch altyd. Om en de by de fjirtiger jierren
wie it in minne tiid. Der wie wol ferlet fan minsken, mar de ferstjinsten
wiene meager. De doarpswinkeltsjes krigen it ek dreech.
Sjoerd Brattinga
As men de legere skoalle trochrûn hie kaam de fraach: “wêr moat dy jonge
hinne?” Ik wie in echte lêzer. Mei
de knibbels op 'e grûn. Kranten
en bibleteekboeken wie myn
grutte hobby. “Dik Trom”, de
Súdafrikaanske boereoarloch en
folle oare boeken, ik friet se hast
op. Broer Hink sloech altiten yn
it bûthús om of bûtendoar. Hink
wie dúdlik boeriger dan as ik
wie. Hy koe de bisten allegear by
namme en hie ek altyd tsjoege oer
de bêstichheid fan de ko. Master
Dústerhout liek it wol goed ta
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://8nZpePGrsZ5xp8q5KHVMAG6VB9nIZbb3oq0XxqjgcfA%m`̵ _,e׉Edat ik mar ris nei de MULO ta gie. Us heit en mem seagen dat boer wurden
fan my ek noch net sa sitten. Wy wienen it meast op Snits oriïnteare en mei
min waar koe de jonge ek noch wol mei de bus. It wie krekt oarloch. Us mem
seach allerhande swierrichheden foar dy jonge yn de stêd. De skoalle stie op
de âlde komerk. It wienen allegear bern mei in hiel soad kabaal. De fyts yn it
fytshok en ik waard del setten yn in lokaal it tichtste by de strjitte. De namme
“komerk” die my op dat momint goed. It wie eat eigens op dat momint. Ik wie
al gjin grutte prater, it Snitser taaltsje (Snekers) moast ek tige wenne. Direkteur
Meindersma wie in hiele grutte man en tagelyk in sympatyke leraar. Hy rêde it
op dat de klasse wat rêstiger waard sa dat der les jûn wurde koe. Meindersma
wie streng, mar benammen ien famke koe neat bedjêre. Se hie de mûle altyd
yn twa hannen mar dan op in bliere wize.
Wa wie dat famke? Margaretha Poiesz! Meindersma liet it earst wat gewurde
mar makke wol inkelde opmerkingen oan har. Dan wie it: “och menearke, U
mot sich niet so druk make om niks!”, en dan glimke Margreet wer, en nei in
wike glimke Meindersma mei. Op ’e tiid serieus mar ek sa no en dan in grapke.
Margreet wie de aktrise fan de klasse, wy wiene altyd slop om har. Der waard
net straft, wy hienen in moaie klas, it koe wat lije. Meindersma en Margreet
koenen 4 jier lang bêst oer de wei meielkoar. Doe 't de skoalle foarby wie, kaam
Margreet gauris by de famylje Meindersma op besite. Likernôch tritich jier
ferlyn hie de frouljusferiening in noflike jûn yn de âld skoalle. Sprekster wie
Margreet. Ik de jûns der ek hinne. It gie oer lytse bern of sa. Ik seach Margreet
yn de doar oan kommen. Hja seach efkes en doe stode se op my ta. “Tsjerk…
Tsjerk…Tsjerk wat fijn datst der ek bist”. Se fleach my om 'e hals ta grutte
ferbjustering fan de frouljusgroep. As ik no de Poiesz winkel fan Mantgum yn
Mandeguod 13
׉	 7cassandra://ZcmoT1rJAcd0Ivz5iwyz2PUxhXOaYetgps1WrzQWAJk#`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://xJzuI27jfs55ayP50w1896Y2QWMuJXNBjCq5rInzPbo `׉	 7cassandra://BAkZRwVUw_DaNfP_7IkglxRtSe0rY_kjJzGEsuCSobw|`S׉	 7cassandra://tF2CQEvEjzCjIfjic1e8n33jKshknMWR1hnKt8nGh14"`̵ ׉	 7cassandra://BAL9ducTaWJFjSDkEOUmZrnbgDReaW-GSIItlLBNyhY͹9(͠_,eVט  {u׉׉	 7cassandra://bhi9VNvRjaSQnuN_LsBxg9NAzvZX-P7D-0Q5b7EhcfM `׉	 7cassandra://DLIewAhP9mw_sSs57MJjNHGvyfq00HlVzoCwvOGvfxAp`S׉	 7cassandra://yyRuRoUg54Fzmgz7NBa0kg6rhFQgSNIPdjNKAS-pSNI`̵ ׉	 7cassandra://MgGfuPHaIXTmuZ4w30KSP4wT08FbrwvqsWthWDUR2uE I(͠_,eW׉Ekom ik Margaretha wer tsjin mei deselde blidens en deselde spontanens fan it
persoaniel dêr 't myn Margaretha ek mei de oanjeier fan west hat.
Yn de Ljouwerter krante fan 6 Jannewaris 2017 stiet in grut ferhaal fan Sytse
de Vries oer de “Tragyk yn bryke setten” fan Hylkje Goïnga mei in grutte foto
der by. Hiel tafallich hienen wy yn
'e earste klas op de MULO yn Snits
in Hilly Goïnga. It wie in leaf kalm
famke mei in moaie prúk hier. Har
heit wie dokter yn Drylts en se koe
goed leare. Hilly prate Nederlânsk en
siet yn de foarste bank alhiel lofts.
Se hat de MULO net ôf makke mar
gie tuskentiids nei it Gymnasium ta.
Letter yn de fyftiger jierren kaam ik
yn 'e krante sa no en dan in column
tsjin mei as skriuwster Hylkje. Oan
de stikjes fûn ik net in soad oan, der
siet net folle musyk yn mar se wiene
yn it Frysk skreaun. Op in kear waard
ik gewaar dat Hylkje yn Ysbrechtum
wenne. Sa njonkenlytsen tocht ik:
“soe dy Hiltsje fan Drylts ek in nicht
wêze fan Hylkje út Ysbrechtum”. Soks
makket men wolris faker mei. De lêste
tiid hearde ik neat mear oer Hylkje. It
bleaun stil. Soks doocht net. Tank oan
it ferhaal fan Sytse de Vries. No wit ik
Hylkje Goïnga
yn ien kear in hiele protte oer har. De Hilly wie tagelyk
de Hylkje. Gjin nichtespul mar wol bysûnder
en tryst. Yn 1953 troude hja mei Anna Wadman, in
skriuwer dy’t nijmoaderige Fryske boeken skreaun
hat. Hylkje hie it grif net maklik, hie gauris brike
setten, wie in rasfertelster, wie boartlik en tagelyk
gaotysk. En de Hylkje wie tagelyk “Martha”, pseudonym
by har stikjes yn de *Strikel fan de fyftiger en
sechstiger jierren. Yn 2001 is hja ferstoarn. Hylkje hat
foar my in bysûndere Friezinne west.
* tiidskrift ferskynde tusken 1958 en 1994 fan de
foarige ieu
tenei mear
14 Mandeguod
׉	 7cassandra://tF2CQEvEjzCjIfjic1e8n33jKshknMWR1hnKt8nGh14"`̵ _,e׉E“Sa wie it doe” (diel VI)
Doe’t wy al in skoftke yn
Snits op skoalle sitten
hienen, wisten de oare
learlingen al gau dat ik in
boeresoan wie. It iten en it
drinken waarden stadichweioan
krapper. En doe kamen
in protte itensspullen
op ‘e bon. Dat wie in hiel
gedoch. Alle moannen wer
nije bonnen fan it bonnekantoar
helje mei de nedige
administraasje. Benammen
minsken yn ‘e stêd kamen
oan it krapperein mei in
Een distributiekaart en voedselbonnen
hiele protte dingen. Stadichwei moast de broekriem in gatsje strakker oanlutsen
wurde. Lokkich wienen de boeren der noch en hja krigen in rûfel (rij)
molkeklanten. It mocht wol net, mar dat foel allegearre ek wol wer wat ta.
Der wienen al in hiele soad goede plysjes dy’t net folle seagen en de Dútske
soldaten bemuoiden harren der ek net mei. Letter wienen it de Grienen gauris.
(Us eigen minsken dy’t yn tsjinst wienen fan de Dútske plysje) Hja wienen de
smearlappen wêr’t je better mar net mei yn oanrekking komme koenen. Om
tolve oere, iterstiid, sette in hiele protte skoallefolk nei in lunchroom oan it
Greatsân ta om harren brochje op te smikkeljen. Sus wie dêr de sjeffin. En hja
soarge der foar dat elts wat te drinken hie. Op ‘e middei spruts se my oan en
frege as it wier wie of’t ik in boerejonge wie. Dat koe ik fansels ta jaan. Doe
frege se of ‘t ik ek eltse dei in flesse molke foar har mei nimme koe. As ik dat
10 Mandeguod
׉	 7cassandra://yyRuRoUg54Fzmgz7NBa0kg6rhFQgSNIPdjNKAS-pSNI`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://bYu71CyEc9jjCruBUPRGLZ3VhqQfYCAYT2Rs_4J6d-M Cc` ׉	 7cassandra://FJyP-9eDxlcwoAi9UrwYrmWX4_KyEeTRNkS80quJ9Bw͘`S׉	 7cassandra://wwtn8IwI_YAU5sWNSQRKTrSGFOXC9cIghX54xmUHU08&`̵ ׉	 7cassandra://ggN3doChL14ZzTqtowrxMkkj31FwKcYBnsOMAelzJLYͩ(͠_,eYט  {u׉׉	 7cassandra://3UoupVAAIXmAyxM4a29O1BeZtyQeeHEwmgknqce37Gc `׉	 7cassandra://hYQbaCnbFKSK5iR8ssPnDerlbCQUwVKs5DZsp7o-ehY͘C`S׉	 7cassandra://OFFuB_zJx0aLjN2Aq14GIgW6zrzfLKcn-DKFkWHqueQ(=`̵ ׉	 7cassandra://5o6zXQ9L_jxZUSoq9YPTmFmVIk_G7cplj0X6BU2YVHs O7(͠_,eZ׉E	zdwaan woe krige ik eltse kear in beker waarme sûkelademolke. De hannel gie
oan. Alle dagen in flesse molke by de boeken yn ‘e tas. Moarns om healwei
njoggenen kaam ik by har om de flessen te wikseljen.
Op in jûntiid kaam der in ûnbekende man by ús heit. In Sneker. Heit tocht
in molkeklant. Hy stelde him foar as Jonker, amtner by de belesting yn Snits.
“Soe dy man wol om molke komme?” tocht heit. Heit syn belesting gie nei
Ljouwert ta. De man wie beskieden en Jonker woe graach wat freegje. Syn
soan Dirk siet by Tsjerk yn 'e klas. Syn frou wie net sterk en hie eins ferlet fan
boeremolke. As Tsjerk dat meinimme koe dan soe syn frou alle dagen molkenbrij
siede en dan koe ik middeis by harren mei ite. Doe helle Jonker in metalen
gefal út de tas. It wie in smelle boege jerrycan mei dop, dêr’t twa mingel molke
yn koe. In jerrycan dy’t ek mei skouderbannen fêst op ’e rêch droegen wurde
koe. De jas oan en……”men seach der neat fan”. De jerrycan wie spesjaal
makke foar it ferfier fan
“swarte molke.” It wienen
poerbêste minsken. Thús
hienen wy gjin elektrysk
mar wol in radio op batterijen.
Wy hearden allinne
AVRO’S bonte Dinsdagavond
trein mei Snip en
Snap. En Jacob Hamel mei
it bernesjongen. Dan wie
de akku wer heal leech.
By de Jonkers sieten wy
ûnder iten nei Nederlânske
lietsjes te harkjen mei
in bekinde sjonger der by. In hiel skoft haw ik by de Jonkers west. Wy binne
elkoar nea wer tsjin kaam. Fytsbannen wienen der op it lêst ek net mear. Men
brûkte saneamde kusjebannen. In âld stik wetterslang lei men om it tsjil. Mei
kramptried waarden de einen oanelkoar setten en dan mar traapje. It wie better
as niks mar it wie en bleaun in frjemde hobbel de bobbel.
De oarloch brocht in hiele soad spanning en rarichheden mei. Us fordauto
waard foardere troch de Dútkse wearmacht. Us heit sil der wol in pear sinten
foar krigen hawwe mar wy wienen de auto kwyt. It wie dien mei reiskes en
útsjes. Guon auto’s waarden yn de golle ûnder it hea bedobbe. Dat wie link
fansels want it mocht net. It is my net bekind hoe’t sokke auto’s nei de oarloch
út de grûn wei kamen. It sil wol in roastich soadsje auto west hawwe. De
boeren moasten ek mei de hynders nei Raerd ta. De geskikte hynders foar de
Dútsers waarden ek foardere. Men krige dan meastal in minder geskikt hynder
wer mei nei hûs ta. Us âld swarte en de heale Belg kamen lokkich wer thús. Us
Mandeguod 11
׉	 7cassandra://wwtn8IwI_YAU5sWNSQRKTrSGFOXC9cIghX54xmUHU08&`̵ _,e׉E\Normandia molkfabryk yn Snits
molke gyng nei it Normandia molkfabryk
yn Snits ta. Jitse Bok helle de
molke jûns en moarns op. De molkauto’s
krigen wol benzine fan it Dútske
Regear want men hie ferlet fan molke
en fan de byprodukten tsiis, bûter en
sûpe. Eltse boer hie wol molkehellers.
Formeel mocht dat net mar men waard
net kontroleard. Dochs koe men mar
better de Grûne Polizei út Grou ûntfytse.
Dit wienen in ploechje NSB ers
(eigen folk) dy’t net noflik
wienen. Wy hienen molkeklanten út
de doarpen mar ek út Snits en Ljouwert. Der waard fansels ek oan swarte
hannel dien. De slachter kaam sa no en dan by de boer te slachtsjen. Dat barde
meastentiids jûns. It gong dan om lytsfee, sa as bargen, keallen en skiep. Ek
yn ‘e oarloch moast der hea makke wurde. (Dat neamt men de ûngetiid) Men
wie dan tige ôfhinklik fan it waar. Dat waar dat spande der wolris om. Yn de
oarloch hienen wy hynders en mean-, swyl-, skod- en harkmesines. Fierder hie
men weinen om it hea yn de skuorre te bringen. Fansels hie men ek minsken
nedich. Doe’t de meanmesines der noch net wienen kamen de hannekemeanders
út Dútslân wei om it gêrs mei de seine te meanen. Dreech wurk om mei
de seine dei yn dei út te meanen. Yn it begjin fan de tritiger jierren kamen de
meanmesines. Doe gjin hannekemeanders mar ûngetiders út Grinslân wei.
Dat wie om de ûngetiid flugger klear te krijen. Moarns om fjouwer oere twa
hynders foar de meanmesine. Kofjetiid wie der kofje foar de minsken en de
hynders waarden wiksele mei it oare
stel hynders. Sa gyng dat de hiele dei
troch en men hie jûns sa’n 14 hektare
gêrs der ôf lizzen. (hjoeddedei meant
men sa’n 100 hektare) Hea moat
droech yn de skuorre. As it net goed
droech is kriget men heabroei en is
men fierder fan hûs. Men moat dan
headolle. Dat wol sizze, dat men dan
in gat yn it hea meitsje moat. Docht
men dat net of net goed, dan giet it
spul de fik yn. Headolle is ôfgryslik
min wurk yn waarmte en yn stank.
Sa troch de jierren hinne binne der
tsientallen pleatsen troch heabroei
ôfbaarnd. Hjoed de dei hat men in
grut elektrysk soechapparaat wat de
Headolle
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://OFFuB_zJx0aLjN2Aq14GIgW6zrzfLKcn-DKFkWHqueQ(=`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://Lo4v_cjJhzNUOfv4r5A5QJg7iEYjET92h5TDn6ilpJE 3`׉	 7cassandra://deT0yrK6MNowRbFB-NUXxAzWIm3WKdG0sQP9-vrSDMY͋`S׉	 7cassandra://KwnA2mqqK0H3o3uXdM2yQHSRKfFUxv_xB8t0TuVs50U#`̵ ׉	 7cassandra://ZiX7uc8nAkSQTpr1chJOUCxcmDZJJdDdYRNK3e5r7JU͎͠_,e\ט  {u׉׉	 7cassandra://GpuwT5y6D4J1wRNQttZBv_1QMEhJKAbG_zWNz7qHesk %`׉	 7cassandra://lRNK6jCxVoP4EJWv79kG9VD6kNBuKmoGzjX2vV1s03k}``S׉	 7cassandra://etuFM_bsKHf2M5ebhvvMk6EvRFpYsX6u8lSpCAH90rQ!G`̵ ׉	 7cassandra://hD34qP5CUwrQsLvmN35G1EW6sl0XW0aI9R7reFY74Fc͠͠_,e]׉E	Hwaarmte út de golle wei fentileart. As it moai waar wie waard it hynder foar
de skodmesine setten om it gêrs te skodzjen. It avensearre net sa bot mar it
wie altiten better as it gêrs mei de hân en de foarke útelkoar te skodzjen. As de
waarman droech waar foarsei, koe it nachts lizzen bliuwe.
As de berjochten rein foarseinen, moast der in hynder foar de swylmesine.
Dizze mesine makke wurdzen (rigen) hea yn it lân. Mei de foarke yn ‘e hân gie
men efter de swylmesine oan en makke fan de rigen allegear oppers (bultsjes)
yn it lân. Mei reinwetter ’s nachts bleaunen de oppers hea meastal aardich
droech. Wie ’t de oare deis wer moai waar dan kaam it folk wer del setten mei
de foarken en reagen de oppers út elkoar. Leinen de oppers allegear útelkoar
dan wie de skodmesine wer oan bar om nochris te skodzjen.
Mei de âld swarte foar de wein ried men nei hûs ta om in goed miel iten en in
board mei sûpenbrij. Nei iten brocht it hynder ús wer nei it lân ta. De sleatsen
greppelkanten moasten mei de harke út swile wurde. It waar bleaun goed
en dêrom swile de swylmesine it hea wer yn rigen en koe it hea yn ‘e reak. (de
grutte bult) De belch kaam foar de reakepeal mei in lang stik tou.
Drok yn it hea dwaande om alles yn de reak te krijen
De peal waard efter de wurdze lein, ús heit gyng op de peal stean mei in stik
tou yn ‘e hân, de lytsfeint mende it hynder en dan wie it “fuort!”. De belch
begûn te lûken, de peal strûpte it hea op. Sa kamen der allegeare grutte reaken
hea yn it lân te stean, mar se wienen noch net moai op makke. Twa makken
sa’n bult mei de foarke moai rûn ovaal en puntich. By de iene boer seagen de
reaken der better út as by de oare mar it wie gjin wedstriid. Wêrom moasten
dy reaken sa moai opmakke wurde? Hoe better de reak makke wie, hoe better
bestân tsjin de simmerske waars ynfloeden. As der tongerbuien kamen koe it
der raar om wei gean en dan hienen de moai op makke reaken der minder lêst
fan as de plat op makke pankoeken. De wein waard njonken de reak riden.
De loeier stapte op ‘e wein om it hea goed te plak te setten en de opstekkers
stutsen it hea fan de reak op ‘e wein. De man op ‘e wein moast der foar soargje
dat it hea moai kant op ‘e wein te plak kaam. (Fakman) Dan waard it pûntsje
(houten peal) yn de lingte fan foar nei efter oer de weide hea lein en tagelyk
Mandeguod 13
׉	 7cassandra://KwnA2mqqK0H3o3uXdM2yQHSRKfFUxv_xB8t0TuVs50U#`̵ _,e׉Efan foaren en fan efteren in tou om ‘e peal. Mei in katrol efter oan ‘e wein
waard it pûntsje stiif op ‘e wein fêst sjord, sa dat it hea gjin kant út koe. Troch
de dammen wie it allegear wol wat wibelich mar de wein koe feitliks net om
falle. It leegjen fan ‘e wein wie ek in hiel gedoch. Ien man op ‘e wein stuts in
foarke hea nei nûmer ien op de golle. Nûmer ien nei nûmer twa en dan nei
nûmer trije en sa heger. Dan wie men mei fjouwer man dwaande om de wein
hea te leegjen en op de golle yn de skuorre te krijen.
It wurk wie dreech mar as de frou, de dochter of de faam mei kofje of tee it lân
del kaam, joech men jin del njonken de reak. Wat rûkte it hea lekker en wat
lei it noflik yn de lijte fan de reak en wat smakken de koeke en broadsjes goed.
Elts hie wol in ferhaal en nei in heal oerke hie men nije krêft om it wurk wer
op te pakken. De swarte krige in amer mei wetter en in earm fol hea en wachte
rêstich ôf dat der wer wurk wie. Stienen de reaken net te fier fan de wei ôf,
dan krigen se wolris besite fan in feint en in faam. Se kropen efter de reak yn it
sintsje en hienen dan hiel wat te bepraten. Nei in pear oerkes setten se wer ôf.
It wie it kampearjen fan doe.
Noflik yn de lijte fan de reak. “Pypskoft”
Nettsjinsteande de oarloch wienen der in timmerman en in smid dy’t in wichtige
útfining dienen. Sy kochten âlde autotsjillen mei bân en as op. Se timmerden
in houten barte fan trije by fiif meter ynelkoar. In as mei tsjillen en bannen
waarden efter ûnder de barte fêst setten en oan de foarkant kaam ien tsjil mei
bân yn ‘e midden. Yn de tritiger jierren hie hast eltse boer in trijetsjillich karke
(in jitkarre) Dizze nije heawein krige de namme de sleepwein. Efter de sleepwein
waard in lytse barte mei knieren (scharnieren) fêst setten. Dizze flappe
koe op ‘e grûn en op ‘e wein del lein wurde. No koe it hea folle makliker en
mei minder minsken op helle wurde.
Mandeguod 15
׉	 7cassandra://etuFM_bsKHf2M5ebhvvMk6EvRFpYsX6u8lSpCAH90rQ!G`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://GstuGAiPBKH3qXjDC__e7fVdK7F--peNW8SojrO4C6k ?`׉	 7cassandra://nY33k_4EgDkhTkYa8M_6K0YTzEKJ1WHQYZ_WHQa4ha4͎`S׉	 7cassandra://UZhAFvk1vQE0h2l48eJLZze5B5qUR0NG8sArUsGgl0g"`̵ ׉	 7cassandra://ru8OTSovOi282WdhbOq81Mei36MxkvP8MYGTg_yC-dsͶ(͠_,e_ט  {u׉׉	 7cassandra://dAzlaK_pqa_vNZIyznC587R9m68nqN6HT2O7U5fNWXM `׉	 7cassandra://sAmlTjBi-BRQJAU78BnFJjhqyAdLj5TiyEMrqgmZIk8r`S׉	 7cassandra://k8CS72AO8AzMjQ0qMH98PgwU9YGgCO1nsMZg41JDrVI!`̵ ׉	 7cassandra://5jFT7Ljsc6R3CkVrI1mhWYmxB8CuZNBnCJo95oYPo7I v4͠_,e`׉E	:Sleepwein
Hoe krige men it hea op ‘e sleepwein? De sleepwein skode men efterút tichter
by de reak. In net waard op ‘e wein lein. De flappe waard omkypt hast tsjin de
reak oan. Dan kaam der tsjin eltse bân in balkje. Dan wurde der in tou efter de
reak lein oer de sleepwein hinne nei it tiksel ta. Dan kaam it tou oan ‘e sile en
dan bigûn de swarte te lûken. Hiel kalmkes luts it hynder de reak op ‘e sleepwein.
De balkjes der foar wei, de flappe omheech en ried de reak op ‘e sleepwein
nei de skuorre ta. Boppe yn ‘e skuorre is in railsysteem mei in takel. De
takelkabel giet nei bûten ta, wêr’t de belch stiet om de reak mei it net boppe yn
de skuorre te bringen. Mei in knipsysteem giet it net los en komt it hea op de
golle te lizzen. Mei twa sleepweinen koe men yn ien dei op in maklike wize
in protte hea ynhelje. By Jan B. stiet yn de skuorre noch altyd in sleepwein
omheech. Dúdlik in soarte fan sûvenir.
Op in moarn fytste ik wer nei skoalle ta. Ik helle in Dútske soldaat yn dy’t in
frommekes efter op ‘e fyts hie. Doe wie it ynienen “achtung halt!”, wir mussen
ihren fahrad haben”. De soldaat hie de piip aardich út mei dat frommes
efter op ‘e fyts. Op skoalle learden wy ek Dútsk. Yn myn bêste Dútsk koe ik
fertelle dat ik mei de fyts nei skoalle ta moast. De fyts woe ‘k ek net kwyt. It
wie net in âld bistke. Goed ride wie muoisum. Doe kaam de oplossing fan myn
kant. Ik sei dat ik it sjutsje wol efter op de fyts hawwe woe. Myn skoalletas by
de soldaat op ‘e fyts en syn faam by my efter op de pakjedrager. It wie tusken
Dearsum en Skearnegoutum wer’t dat barde. Foarby Skearnegoutum kamen wy
mear learlingen tsjin dy’t my koenen. Dy wienen ek ferheard fan it selsskip dat
ik hie. Se tochten sels dat ik oppakt wie. Ik sei tsjin harren “wir fahren nach
Snits ta”. Yn Snits oankaam, stapte it frommes fan myn fyts ôf en ik krige de
skoaltas wer efter op de pakjedrager. De soldaat betanke my en ik wie bliid dat
ik de fyts noch hie. Flakby Spears wenne boer Kroes. In famke fan harren gie
nei Skearnegoutum nei skoalle ta. Famke Kroes gie gauris rinnende nei skoalle
ta en sprong dan by my op ‘e fyts. Ek hie ik wol ris in famke Rozendaal efterop.
Foar harren wie ik in soarte fan taksy. Je tinke dan wolris fan sântich jier
ferlyn, wêr soene dy famkes bedarre wêze.
tenei mear
Mandeguod 17
׉	 7cassandra://UZhAFvk1vQE0h2l48eJLZze5B5qUR0NG8sArUsGgl0g"`̵ _,e׉E“Sa wie it doe” (diel VII)
De benzine waard ôfrgryslik
krap yn ‘e oarloch. Sis mar der
wie gjin benzine mear. Molkriders
rieden wol op benzine.
De molkefoarsjenning moast
troch gean. Frachtauto’s en
bussen en sels auto’s krigen
gaskachels efterop. It wie ien
grut gegriem mar it ried. ’s
Nachts kloften fleanmesines yn
‘e loft nei Dútslân en werom nei
Ingelân. Soks gyng feitliks de
hiele nacht troch mei sjitterij en geregeld it del fallen fan in fleanmesine mei in
soad kabaal. Sa’n hiele nacht siet men yn spanning, dat friet oan ‘e minsken.
Op in sekere nacht foel der mei in soad kabaal allerhande spul op ‘e pleats. It
is noch nacht, is der brân? Falt der in bom of miskien wol in fleanmesine op
‘e pleats? Wy wienen stjerrende benaud.
Dy benaudens mar dan yn mindere mjitte,
haw ik jierren lang by my hân. Soks bliuwt
hingjen. Moarns doe’t it ljocht waard bliek
dat in bommesmiter by ús yn it lân delsketten
wie. Foar safier as ik wit hat de bemanning
fan it tastel harren mei de parasjutes rêden.
Doe’t wy bûtendoar kamen bliek dat ferskate
ûnderdielen fan it dashboerd op it hiem
leinen. De dakpannen hienen in optater hân.
Ferskate wizers en klokjes hawwe wy ús doe
10 Mandeguod
׉	 7cassandra://k8CS72AO8AzMjQ0qMH98PgwU9YGgCO1nsMZg41JDrVI!`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://2U_lce-bvCD6onWWyD_6N11zrIbA8FUnLVorFhCukvA )7`׉	 7cassandra://USMvDq9UPcxQq5Ctem0WR9lOkviE22CXu0ioOXKskoQ͓S`S׉	 7cassandra://13c42Z5luvqleoQ1E69HY0oKkHJ6gh9vEGLBewxhQjs%=`̵ ׉	 7cassandra://OAInNZlDOUAHickE7xYrxy5sfpd3RhF_CaanpIvv_NA͑ ͠_,ebט  {u׉׉	 7cassandra://Ovem-oWeKJzMU5cISMK8AlzYICmVjZtezl6iPXBdaQE Xs`׉	 7cassandra://UeaUQ4DHdyM4VjUaUBDpVrZ4WxdZUNZ3-06sd9Pcs-Q͘`S׉	 7cassandra://GUlWKYOzUY5_xtrp7qQtSVMcyQ3D-yJWTCbNzfGgJ6g&`̵ ׉	 7cassandra://cZDKhSiRYrv4skiS1eo8Uju9tSE2DpwU9zpwwa1rs3EͲI͠_,ec׉E	ta eigene. Wêr ’t dy dingen bedarre binne wit ik net mear. It wie earst in frjemd
soartich boartersguod. It wie winter de grûn wie hurd. As earsten kamen wy
by de fleanmesine. Stikken en kapot. Parasjutes leine yn it lân, dy wienen gau
fuort. It wie dùdlik rôversguod. Letter die bliken dat
froulju der kleanguod fan makken. Wêr’t wy nuver
fan opseagen wie dat de greppels fol mei benzine
stienen. Ik haw nea witten dat der yn in fleanmesine
safolle benzine siet. De greppels wienen hurd befêrzen,
de benzine bleaun der yn stean. Rommert, feint
by ús as Easterwierrumer, seach daliks, dit moatte
de Sypersma’s witte. Mei in rot gong gie hy op ‘e fyts
nei Easterwierrum, en in kertierke letter wienen de
Sypersma’s der al mei it âlde frachtweintsje mei lege
kontainers. Men hat doe in moai soadjes benzine op
skeppe kinnen. As alle kontainers fol wienen, dat
wit ik net. Ik wit dat de Dútsers wol yn ‘e gaten hienen, dat der by ús pleats
in fleanmesine lei. Se kamen mei in bosk linten. Setten de boel der mei ôf en
wy waarden nei hûs ta stjoerd. De gasauto’s moasten mei benzine opstarten
wurde. De Sypersma’s koene mar wer raak starte.
Pake syn Ford wie troch de Dútsers
oppakt. Je soenen sa sizze dat de
reiskes mei pake foarby wienen.
Lykwols pake Tsjerk hie in oplossing.
Op in dei yn de skoallefakânsje
moarns betiid helle hy de swarte
út it lân wei. Us mem hie de haaiwein
(bommelwein) klear makke
foar in deireiske. It ramt siet wer op
‘e wein om noflik sitte te kinnen.
Pake wie in echte hynsteman, mar
hie ek in soad foar syn pakesizzers
oer. It waar like dy deis goed, dat al ridlik betiid waard de wein laden mei twa
Hinken, twa Tsjerken, in Trynke en in Doet en in pear lytsere bern. De picknick
krige ek in plakje yn ‘e wein. Beppe Tryntsje hie der foar soarge, dat men deis
genôch drinken (ranja) en iten yn ‘e pûde hie. Efter de wein oan, skommele in
lege amer mei in toutsje fêst bûn. Dan ek noch in doaske mei hynstekoekjes
net te ferjitten. Pake en ús mem foar op de wein mei elts in kessentsje ûnder de
poepert en doe wie it “fuort swarte!” It hynder wist wat him te wachtsjen stie
en sette goed út ein. De Slotsdyk (in asfaltdyk) dus gjin kabaal. Mar oh wee,
doe troch de buorren fan Raerd. Sjen en hearen fergyng jo op ‘e strjitstiennen.
Eltse Raerder dy’t doe noch ûnder de tekkens lei, is mei skrik wekker wurden.
De Hegedyk ek moai asfalt, mar doe de strjitwei nei Jirnsum en Akkrum ta.
Mandeguod 11
׉	 7cassandra://13c42Z5luvqleoQ1E69HY0oKkHJ6gh9vEGLBewxhQjs%=`̵ _,e׉E	It hynder wie sa snoad dat er sa no en dan stapfoets rûn. Lekker kalm sjoch.
Pake gunde it hynder ek wol wat. Doe by Haskerdiken wie it ynienen “ho!” De
swarte bleau stean en dan de wein fansels ek. Gjin gerattel fan tsjillen mear.
Pake seit: “kofjetiid!” Wy steane op in soarte fan parkearterrein. It hynder
wurdt útjekke fan de wein. It gers is al droech wurden en wy kinne noflik op ‘e
grûn sitte. Beppe Gep pakt de pûde út en jout eltsenien koeke en wat drinken.
Pake jout de oarder “Gep do moast de amer pakke en wetter út de sleat helje”.
It is in skeane djippe wâl om wetter te krijen. Mar it slagget. It hynder drinkt
hast twa amers fol op, kriget in pear koekjes en begjint dan te gers fretten. Dan
fertelt pake wer’t wy hinne geane. Dat wurdt de moaie boarterstún yn Oranjewâld.
Wy hawwe dêr wolris faker west, mar it is altyd wer moai. Ek fertelt
pake dat wy no op ‘e helte fan ús reiske binne. De swarte wurdt wer ynslein
en dan rattelje wy wer fierder. Der binne mar inkelde auto’s op ‘e dyk en de
swarte hat der kenlik ek sin oan om by de boarterstún te kommen. Hy feecht
mar oan. Goed tolve oere binne wy te plak en kin it feest begjinne. Pake nimt
ús ek noch mei nei de belvedêre en de grotten ta. In prachtich útsicht oer de
bosken en grotten binne tsjuster. Werom by de boarterstún ferstoppet pake
him yn it doalhof. Mei
in protte wille fine wy
pake wer yn de rare
spegelkeamer. As jo dêr
foar stienen waarden
je sa dik as in tonne as
sa meager as in latte.
Dus wy laken ús slop.
Doe noch efkes oer de
kettingbrêge, ek och sa
moai en dan is it wer
tiid om op wei nei hûs
ta gean. Om in oere
as sân wienen wy wer
thús. De wite pûde wie
ek leech en de swarte waard wer loslitten yn it lân. Wy hawwe wer in pracht
dei hân. Pake gyng wolris faker mei de wein en hynder op reis mei in rigeltsje
pakesizzers. Hy die ek gauris de rûte, Wergea, Warten, Garyp, Burgum, Quatrebras,
Swarteweisein. Yn Swarteweisein wie doe ek in moaie boarterstún. Ik
begryp einliks noch net hoe ‘t pake mei syn hynder altyd wer jûns op tiid thús
wie. Dy man koe ek wol wat!
Troch de oarloch waard alles krapper en dreger. Kantoaren mei itensbonnen
waarden leech stellen, der kamen stakingen en oerfallen. Sels de boeren hienen
in molkestaking, mar dat wie net in grut súkses. Ingelske fleanmesinen lieten
Nederlânske en Engelske krantsjes op it lân falle mei it lêste oarlochsnijs. It
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://GUlWKYOzUY5_xtrp7qQtSVMcyQ3D-yJWTCbNzfGgJ6g&`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://Ky7SN4E3fV1YC7zX3-3Ukl_t78v6nBWb1pdcGMy55iU `׉	 7cassandra://vcLrXJpT6vVrCbRMtOSrcOP60CDKfCbq6ufP3855L5I͏`S׉	 7cassandra://Yw4elHm4ilqHsq6wRxnnQjVkm-fADgd5F9x7WtAq20w&|`̵ ׉	 7cassandra://7kgh3D21O8tePTvB_aUkWc5J-IaIl6JcjlqzLvg-ZrMͶ	,͠_,eeט  {u׉׉	 7cassandra://f6DIpRyCRapvyZuAiElMdKTJ9CtwYrvroaklQZUgcw4 `׉	 7cassandra://U39VnjpwVS_zFJJSIV1rXW4kBem5HFUnkJOT-ftCVZ0͈E`S׉	 7cassandra://L6Uf-NnYJDhs8L3aiTvIMLTOQI4XwKC6fPySBoEok8I$G`̵ ׉	 7cassandra://rjzRu26DiBX84zZT-KZ1f_T61aIqvhTOHNTe8tGnlW0͎(͠_,ef׉E[wie ferbean om nei de Engelske radio
Oranje te harkjen. Radio’s waarden
dan ek stikem ferstoppe. De Grüne
Polizei begûn nei minsken te sykjen
dy’t in bepaalde leeftyd hienen en
yn Dútslân oan it wurk setten wurde
koenen. De meast frjemde plakken
fûn men dan om fuort te kommen.
Yn ‘e golle ûnder it hea, ûnder it bêd,
yn in kast dy’t ticht timmere wie, of
efter yn it lân yn ‘e reiden. Lokkich
hie ik de leeftyd noch net om samar
oppakt te wurden. As men fertelle
koe dat men in Sweitser (melker)
wie, dan waard men net op pakt.
Molkeprodukten wienen ek krap,
melkers moasten thús bliuwe om ek
yn de Heimat minsken fan molke te
foarsjen. Meastentiids fytste ik nei
skoalle ta en winters wie dat gauris
mei de bus. Net allinnich it waar mar
ek op kussiebannen nei Snits ta is net
botte oanloklik. Lâns de hiele stjitwei
oan de rjochter kant, wienen rûne
gatten groeven. It wienen sa neamde
sjitgatten. In soldaat koe rjocht op
stean en dan sjitte mar hy hie ek dekking
foar de kûgel fan de fijân.
De graverij waard mei de skeppe dien, dat wie in hiele put. Lokkich binne dizze
gatten nea brûkt wurden. De bus wie meastentiids wat oan de lette kant. Ik
seach fan fierôf al dat it de reo speed wagon wie en dan soe Hidde Hillboezum
de sjauffeur wêze, dit wie meast Hidde syn buske. Hy seach my stean, stoppe
en stapte út. Hidde hie as altyd in pet op en wie swart griis yn it gesicht. Hy
pakte de pook fan de gasgenerator en raamde noch ris goed yn de generator om
en jawol it motorke begûn al wer better te rinnen. Hidde gie wer efter it stjoer
sitten, ‘mar it gyng net fol op speed’, mar dochs it ried wer. De konduktrise my
wol bekind, joech my in retoerke Snits kaartsje, kosten twa gûne. De bus hie
fiifentweintich sitplakken en fyftjin steanplakken en hie as namme “it klupke”.
Der wie gjin sitplak mear foar my, dat wienen wy wol wend. Yn Dearsum noch
wat skoalbern der by yn en dêr gyng it wer hinne. Krekt tsjinoer Lemstra yn
Skearnegoutum wie doe in frij hege brêge. It klupke moast it wer oer jaan. Lokkich
bleau de motor rinnen mar de studinten waarden frege as fan âlds, út
Mandeguod 13
׉	 7cassandra://Yw4elHm4ilqHsq6wRxnnQjVkm-fADgd5F9x7WtAq20w&|`̵ _,e׉E)te stappen, mei de konduktrise, om de reo te helpen oer de brêge te kommen.
Hidde moast earst noch efkes pokerje en doe gong it hupsa, it saakje kaam oer
de brêge en doe koenen wy al ridende yn stappe. Oan it begjin fan Snits moast
direkteur de Vries fan de Vries drukkerijen der út. Sa gie dat jier yn en jier út.
Tsjerk moast it tankje mei molke ôfdrage oan frou Jonker, en op skoalle wie
men bliid dat ik der wer wie.
Foarhinne wie it wenst dat de boeren
twa kear yn it jier in baarch nei
de slachter brochten om slachtsje te
litten. In part fan sa’n baarch kaam
yn it spekhok telâne. It wienen
de woarsten en de siden spek dy’t
dêryn rikke waarden troch de skoarstien
fan de kachel. Dat koe allinnich
yn it winterskoft om’t simmerdeis
de kachels net baarnden.
Wat út it spekhok kaam wie lekker
iten en koe lang duorje. Wienen de
woarsten klear dan kamen se faak
oan de keamer- of de keukensouder
te hingjen. Dat rûkte ek sa lekker
lang. De moaie stikken fleis kamen
yn twa grutte pannen. Der waard
smoar (fet) oerhinne getten en dat
slute it fleis ôf. Dy pannen mei
smoar oer it fleis waarden dan yn
de djippe kelder setten. It koe dan
ridlik lang bewarre bliuwe. Op it
lêst siet der dan wolris in rookje
oan dat fleis mar wy mochten net
tier (sinnich) wêze. Us heit stie in dei by it oanrjocht mei in knyft (mes) yn ‘e
hannen om it twadderangs fleis fan de bonken ôf te skraabjen. Dat fleis kaam
foar in part yn de gehakmole. Mei de hân moast dat apparaat draaid wurde,
soks gyng net fansels. Us mem makke dan ek noch soerstip en greauwen fan
it oerbleaune fet. Al mei al in hiel gedoch mar wat wie it lekker. De baarch
waard oan in stik tou nei de slachter brocht. Us heit die dat, want der giet neat
foar de baas sels.
Wy sitte noch yn ‘e oarlochstiid en der binne hast gjin auto’s op ‘e strjitwei.
In baarch oan it tou is hast altyd dwers. Doe wie der dochs noch in auto op ‘e
dyk. De baarch skrok ‘m dea, die in skuor oan it tou; ús heit woe net loslitte en
doe foel hy mei de holle op ‘e dyk. Gefolch: mei in swiere harsenskodding
Mandeguod 15
׉	 7cassandra://L6Uf-NnYJDhs8L3aiTvIMLTOQI4XwKC6fPySBoEok8I$G`̵ _,e_,e{בCט   {u׉׉	 7cassandra://WypJswSHWZGlHP1rqxE2FIUkHLLuHyoBQAEOrzjmaiY `׉	 7cassandra://k6lskRfev0ttmkY-bEl4cdKRcqov5e-WBuu20FqI_HccC`S׉	 7cassandra://Ncjy2RnkdO75HYp2N_I5ZKIHTDJPgC3ft45EUyPFCs4`̵ ׉	 7cassandra://8QGNn-Dlpl2Ix0C6iqN1AVMMC57dJ_Qh0TvrqtQnvLQ 4͠_,ehט  {u׉׉	 7cassandra://Yf032cOzIyHve7WIRo5vIQMrCr-FsGa1E6YjQtEVeLs .`׉	 7cassandra://xEpci0kxcQBr8NbkYFTAd6HDO8xp5rwkBh4mA2wLn30oS`S׉	 7cassandra://quWRnTjRmTFOgpeZttiEj2QIX5EZib4UILHuZwm06F0!`̵ ׉	 7cassandra://x4tC24AHiTg1JacpZkcFGS6aSwtY1CUxhUNvkWPsMww 4͠_,ei׉Ewaard hy thúsbrocht.
Wiken lang hat hy op
bêd lein. Dokter van Dam
die syn bêst en sjoch, hy
rêde it op. Us mem alhiel
oerstjoer. Jan Prakken en
Rommert Hoogma dienen
harren bêst yn it bûthús.
Wat raar liket wol ek wolris
tafalle. Us heit is wer
hielendal opknapt. Hoe it
dy baarch fergien is, dat
wit ik net.
Sa njonkenlytsen gyng alles op ‘e bon. Der wurdt in soad oan ruilhannel dien
mar minsken dy’t neat te ruiljen hawwe sitte muoilik. Jan P. en Rommert H.
hawwe by ús in stikje tún wêr’t sy tabak ferbouwe. De tabak hinget by de kachel
om te droegjen. It rûkt net nei tabak mar de mannen teare in stikje krante
der omhinne en sjoch, it rikket en men is der tige tefreden mei. Wy rinne yn
pofbroeken. Yn sa’n broek kin men hiel wat kwyt en dêr wurdt goed gebrûk
fan makke. Sa’n pofbroek is hiel sportyf. Binne wy as mânlju hast net oan “de
pofbroek” ta? In nije moade!
tenei mear
Mandeguod 17
׉	 7cassandra://Ncjy2RnkdO75HYp2N_I5ZKIHTDJPgC3ft45EUyPFCs4`̵ _,e ׉E“Sa wie it doe” (diel VIII)
Oarlochstiid.
It waard hieltyd krapper en
benauwder. Alle nachten de
fleanmesines yn ‘e loft nei Dútslân.
Wiene se dêr harren bommen kwyt,
dan kaam de weromreis nei Ingelân.
Gauris wie der dan in gefjocht yn ‘e
loft mei jankende moters en sjitterij.
Dit wie net in spultsje fan wennen
mar it fried ek oan ús as bern. Wy
leinen sokke tiden te triljen op bêd,
mei nacht oan nacht itselde bang
wêzen.
Befel Dútske Wehrmacht
Alles waard krapper mar ek yn Dútslân wie dy krapte. De fabriken en lânbou
dêr, hienen in soad ferlet fan minsken. Mânlju fan in bepaalde leeftyd waarden
dan ek oproppen om nei
it poepelân te gean om dêr te
wurkjen. De animo om dêr
hinne te gean wie fansels tige
lyts. Om net oppakt te wurden,
dûkte men ûnder. Men ferskûle
him op en yn de mâlste plakken.
Meinammen by de boeren
wienen in soad ûnderdûkers.
It hea, de heasouder en yn de
foarein fan de pleats, de kasten
en de kelders oeral wienen de
Underdûkersplak
14 Mandeguod
׉	 7cassandra://quWRnTjRmTFOgpeZttiEj2QIX5EZib4UILHuZwm06F0!`̵ _,e!_,e {בCט   {u׉׉	 7cassandra://36xEUebU4c-7Pfsg8xO9jeHi8IZnQbT50jF0wqr59js v`׉	 7cassandra://GDdAxhve0zcvqQDpsosbtKf3sQXlAQPQJh12vL2ug5g͜`S׉	 7cassandra://6rpxMsKUGydic5Exr4Vo03grlClP1V42_7gJZY2tiBM&C`̵ ׉	 7cassandra://iYcUxrKpvnrRn3wBkpnBbkpIAAPlT0VvPmleQD_BulQͿ6͠_,ekט  {u׉׉	 7cassandra://ZpZRQa2yMwp02RH79ijNhGFmNNTGMAhJa83VDYiYeIQ .-`׉	 7cassandra://dhVcO-DDzl4Sj-MSm0vgNBgBu7aLLMtFSe6s-MiNyoÌ`S׉	 7cassandra://zP0-1raW-7iatlghmLQpDoWhYBijD6oGqaVUnKUsuWI$`̵ ׉	 7cassandra://AoJ3ErTb3z8j7lzsxt8Gt1d3dLXcirZdKCTsCh_GCZc 4͠_,el׉E
Pfoartkrûpersnêsten. Men stie ek altiden op de útkyk te sjen, as de grienen der
ek oankamen. Men moast dan roets, rats it skûlplak opsykje. Sa wie der altyd
wol spanning op ‘e pleats. Minsken minsken wat wie it in raar tiidskoft. It
wienen ek allegearre ordnûngen (bevelen). Dit mocht net mear en dat koe net
mear! Men mocht jûns de doar net mear út en alles moast fertsjustere wurde.
Alle bûthúsrútsjes moasten oerplakt wurde en de gerdinen yn ‘e hûs mochten
ek gjin ljocht trochlitte. De lampen fan fytsen en auto’s mochten allinne lytse
tinne iepen ljochtstrookjes hawwe. Dit alles yn ‘e hoop fan de lûfwaffe, dat
de Ingelske bommensmiters it paad bjuster wurde koenen. Ek om yn Snits op
skoalle te kommen jout problemen. De fytsen binne meastal ôfdien en de LAB
is ferplichte om ûnder oaren it busferfier fan Sypersma, Snits – Ljouwert lâns
Weidum, Easterwierrum, Boazum oer te dwaan oan de LAB.
De Sypersma’s moasten harren bussen ynleverje mar de moters waarden earst
yn ‘e grûn bedobbe. It wienen net de earste auto’s en moters dy’t yn de grûn
bedarje soenen. It wienen no Piter Lantinga en Hanny as kondukrise dy’t de
rûte Easterwierrum rieden. Ja namen moarns kofje en brochje mei yn ‘e bus
en sa barde it dat de reade LAB samar earne stoppe om earst mei syn beiden
te iten. De kachel (de gasgenerater) moast fansels ek wer opstookt wurde om
wer wat gong der yn te krijen. Yn Easterwierrum stapte ik dêr dan út en rûn
dan nei Warnsterbuorren ta, mei de lege molketank op ‘e rêch. De oare moarns
stapten wy wer yn ‘e LAB nei Snits. Kobus ried de Diamond en Sytske wie
ús konduktrise. De bus wie ôfladen fol. By de Skearnegoutumer brêge wie it
ho!. De ferkearspolisei die de
busdoar iepen. “Sie haben fiel
zu fiel leute in der Bus!” No
dat moasten jo net tsjin Kobus
sizze. Dy stie syn mantsje!.
“Wat silsto my hjir fertelle.
Dizze minsken moatte allegear
nei Snits, en dy komme yn
Snits! No de doar gau ticht
en oars soademiterje ik dy op
‘e grûn!” De doar gyng ticht.
Noch altiden in grut respekt
foar Kobus. Middeis gyng it
gauris mei de bus fan de firma
Groenhof wer nei hûs ta. Hja
LAB bus Lijn Snits-Drachten
rieden in tsjinst fan Drachten nei Snits, hinne en wer. Hja hienen nea folle
minsken yn harren bus. Ik koe by de reed útstappe. Dizze bus hie gjin konduktrise
mar in kondukteur. Dizze kondukteur wie bytiden ek de stjoerman. It wie
altyd deselde bus en hy woe ek altiten ride. Hja hienen grif drûge turf út de
wâlden op ‘e bus want it ried ek altiten as it slydjaget. De generater rikke ek
nea en it wie noflik riden mei de beide mannen.
Mandeguod 15
׉	 7cassandra://6rpxMsKUGydic5Exr4Vo03grlClP1V42_7gJZY2tiBM&C`̵ _,e"׉E?Ynfaasje Normandië
It lêste jier fan de oarloch waard it noch spannender. De ynfaasje fan in great
oantal soldaten yn Frankryk brocht wer moed. Troch in fersin fan de Ingelske
fleantúgen waard Rotterdam nochris bombardearre. It iten yn de greate stêden
rekke alhiel op. Mei tulpebollen en oar frjemd iten moast men besykje de
dagen troch te kommen. In soad Hollanders bedarren by ús yn it Noarden.
In grut oantal evakuees by ús
en oeral terjochte en wienen
wolkom. In soad húshâldingen
ferdûbbelden harren. De femyljes
kamen mei treinen oan en
waarden dan mei hynder en
bolderwein nei de doarpen
brocht. By ús thús krigen wy in
sekere femylje Jan van Os, mei
frou en in steal bern út Brabân.
Dizze minsken wienen tankber.
In oare femylje Kynhuis, kaam
út Amsterdam telâne by in
kennis fan ús. In heit, mem en
soan Pyt. Pyt fûn it in feest om
by de boer te wêzen.
Hynder en bolderwein mei evakuees en
húsrie ûnderweis
Syn wurk wie ûnder oaren de kij op te heljen en der foar te soargjen dat se
ûnder it melken net wer fuort rinne soenen. Doe’t de oarloch oer wie, en de
femylje Kynhuis wer nei Amsterdam ta soenen, wie it Pyt, dy’t perfoast net
mei nei Amsterdam ta woe. Pyt is de hiele fekânsje by “oom en tante” bleaun.
Nei de fekânsje kaam syn mem mei de Lemmer boat om Pyt wer op te heljen.
Ja, ho mar! Ta einbeslút hat de frou fan de boer mei Pyt syn mem de lytse boer
op ‘e boat krigen. Pyt is troud mei Els. Hat syn wurk dien op de kompjûterfebryk
yn Venray. Hat alle jierren yn Fryslân west en wy hawwe withoefaak de
gast by Pyt en Els west.
16 Mandeguod
׉	 7cassandra://zP0-1raW-7iatlghmLQpDoWhYBijD6oGqaVUnKUsuWI$`̵ _,e#_,e"{בCט   {u׉׉	 7cassandra://KZjmWmTh-_wsW5i7Zt0YD4R6mIXh6Lyn8JRfaOhlXUA U`׉	 7cassandra://hXfvnV8k5UfGAe_XcX7TdsulkB1qZfdsOXvYY6TZFms͔`S׉	 7cassandra://4JZIg8IiEMkvKxNjS79WMZU0hEJ_yvry-W0AhkO5_tg$`̵ ׉	 7cassandra://A-R25eZ_yup2ZXm8YtsLvGNVSiMWcDATSrHCRmQxVWQ͡͠_,enט  {u׉׉	 7cassandra://clJdFH_jSDVQOaSnwrxYOVMnsSwGcL_YzbH88C2zvlo r`׉	 7cassandra://DQB0BPFBQ_sTEE7w5WsFQTmBTRx94yoPF4dWQnJfov4pk`S׉	 7cassandra://v2OEAbDllr6YyLHaBPWRSdO8JSQc84KfB-9NOptSf9o`̵ ׉	 7cassandra://HTtq0cxHVITvpWTxyb35AxTCHeASo2N4M_Vvm5TfhgM͗l(͠_,ep׉E
EAlris earder haw ik it der ris oer hâwn wy mei ús heit en mem yn de auto nei
de Zijpenberg gyngen. Gauris sliepten wy dan yn Arnhem yn hotel Rembrandt.
Dit wie noch foar de oarloch. Wat ik my herinnerje koe, wie it in lytsblok hotel
yn it sintrum fan de stêd. Foar my neat gjin bûtengewoans oan’t lêsten ta, doe’t
yn de Ljouwerter krante in kop stie fan “hotel was alles voor Benny” “Us hotel
fan doe yn ‘e krante, dat ferhaal wol ik lêze!” Nei oanlieding fan in artikel út
de Ljouwerter krante fan Pieter Ploeg in diel hjir beskreaun:
Mear dan vijftig jaar heeft Benny hotel
Rembrandt yn de Arnhemse binnenstad
uitgebaad. Nadat zijn moeder er ooit
een bed en breakfast voor 1,00 gulden
per nacht was begonnen maakte Benny
Peters er sinds de jaren zestig een echt
hotel van. Onder zijn gasten voornamelijk
daklozen, verslaafden, zwervers en
ander minder bedeelden die er tot eind
vorige week voor drie tientjes per nacht
in een warm bed
konden, inclusief ontbijt)
Hotel Rembrandt yn Arnhem
De stank van chihua-hua’s moasten de kostgongers der op de keap ta nimme.
It hotel telt fiif keamerkes mei dûs en toilet. Hy hat ek noch tsien hûntsjes. As
men dêr net oer kin dan moat men mar om in oar hinnekommen sykje. By my
hawwe se it waarm en men is net djoerder út seit Benny. Skrik net, okker wyks
is Benny dea stutsen. De bewenners fan de spoorhoeke binne noch altyd ferbjustere.
“Zijn honden en zijn hotel, dat was zijn leven.”, sa seit in buorfrou. It
OM (it Iepenbier Ministearje) hat in ûntsnapte tbs’er as fertochte oanholden.
Jo as lêzer fan Mandeguod sille wol tinke, “och Tsjerk wat dogge wy mei hotel
Rembrandt yn Arnhem!” Jo moatte betinke ik wie in jier as tsien doe’t ik mei
broer Hink foar it earst yn hotel Rembrandt wie. Benny syn mem soarge derfoar
dat der foar ús in bêd en iten wie. Doe yn it hotel grif gjin tsien hûnen en
oare núveraardichheden. Frou Peters hat it grif opromme en skjin hân. Sa net,
dan wiene wy grif earne oars bedarre. De kar yn hotels wie lang sa grut net as
hjoeddedei. Benny hat der yn ‘e sechtstiger jierren in echt hotel fan makke mar
hat misskien net deselde kapisiteiten hân as syn mem. “Syn hûnen en syn hotel,
dat wie syn libben”, sei de buorfrou. Wy soene sizze, past dat wol bijinoar. De
krante hat it oer dakleazen, ferslaafden, swervers en oare minder bedielden.
Benny kinne wy net, mar it kin wol in hiele goed man west hawwe. As ik witten
hie dat hotel Rembrandt der noch wie en ik kennis meitsje koe mei Benny,
hie ik grif dy kant nochris út gien. Hoe lang bliuwt hotel Rembrandt noch yn
Arnhem?
tenei mear
Mandeguod 17
׉	 7cassandra://4JZIg8IiEMkvKxNjS79WMZU0hEJ_yvry-W0AhkO5_tg$`̵ _,e$׉EG“Sa wie it doe” (diel IX)
De pleats wêr‘t wy yn Baensterbuorren yn wenje is in hierpleats. Sa’n hierpleats
wienen der folle mear as hjoed de dei. De eigeners wennen gauris yn
de Hollânnen. De famylje Rinck út Rotterdam en de famylje Poppes út Skoarl
wienen heal om heal eigener fan ús pleats. Rinck wie dokter en Poppes wie
jager. Poppes kaam twa kear yn it jier mei syn kameraden te jeijen. It jeijerspak
bestie út in soarte fan pofbroek mei in hoed. Us heit koe goed mei de mannen
oerwei. Doe’t ús heit en mem yn 1929 op 'e pleats kamen, wie Rypma
de eigener. De pleats wie tige âld. Doe’t Rypma seach hoe ’t ús heit de saak
oanpakte sei hy: “Op sa’n pleats moatstû net buorkje, ik lit hjir in nije pleats
delsette!” Rypma liet in ienfâldich húske yn
Baensterbuorren oan de strjitwei bouwe. Dat
wie it tydlik ûnderdak fan ús heit en mem.
De âlde kop-hals-romp waard sloopt en firma
Friso út Snits krige fan Rypma de opdracht
om foar de winter noch in moaie grutte pleats
te bouwen. De timmerlju wisten fan oanpakken
en bouden in moaie stjelp dy’t foar de
winter klear wie. De nije pleats stie wat op in
hichte om gjin swierrichheden mei it wetter
te krijen. Blauwe dakpannen kamen der
op, dat wie doe wat nijs. In moaie grêft om 'e
pleats waard ek groeven. Dat waard doe noch
mei de hân dien, fan skeppe op skeppe. Swier
wurk om dy klaaigrûn te ferwurkjen. De nije
pleats krige ek in opfeart nei de âlde feart
ta. By ’t winter koenen ús âlden en wy ús
redens op it stalt ûnderbine. Tagelyk koenen
ús heit en mem in eachje op ús hâlde. Under
16 Mandeguod
׉	 7cassandra://v2OEAbDllr6YyLHaBPWRSdO8JSQc84KfB-9NOptSf9o`̵ _,e%_,e${בCט   {u׉׉	 7cassandra://vaPMkdnRPaI1GhaqklN_s-1k-xoSoj2CksbZw-PIlb8 ` ׉	 7cassandra://KyQacMygRhe5XmzoZmJs7WYquWnmlf56H73Yw3YAAj0͈`S׉	 7cassandra://CioY2ApPcoArkHhNTeAzEclNlPKRjFzJYELJMyeEeKc"`̵ ׉	 7cassandra://J20Mhh9rOcwX63TxZ3pr5trcO_MBlMi32BOMnxxq_qg͕͠_,esט  {u׉׉	 7cassandra://5vw1YfO6ci3kHzlzswLjBQWsPVgK7w2aQYCQnEAIpjg "`׉	 7cassandra://dCwfcorOeJJKsXSX4y2TtjU45fapGnkH2153tNbjzRQ͑>`S׉	 7cassandra://8KD_vgZCtLY706xE-cnGaJp9TrNA5P6OXyjBh1H7mXk&`̵ ׉	 7cassandra://eo63zBobyG9ZS87qR-us4tFUncmBHpwIEVSgg6OG1n0 (͠_,eu׉E	'de earste streken
hienen wy in stoel
by ús op gleed te
helpen en om efkes
út te pûsten. As der
hurdriden yn Raerd
wie, wienen de
Bottema’s fan de
partij. Us mem en
muoike Anne wienen
beiden Hemminga’s.
De namme Hemminga
kaam yn 1500
al foar. Sjoukje en Marta
Gepke, Trynke, Jan, Roel en Anne Bottema
Hemminga wienen sa’n likernôch 50 jier lyn bekinde fûleinige hurdriders. Yn
Raerd op de iisbaan wienen it Pier van der Velde, omke Roel mei muoike Anne
en ús mem en heit dy’t altyd as lêsten mei harren seizen de prizen befjochtsje
moasten. Pyt Hemminga hat dit jier it boek “fiif ieuwen Hemminga” mei foto’s
útbrocht.
It ein fan de oarloch:
De famylje Rinck sjocht it yn Rotterdam net mear sitten.
Hja skilje nei Baensterbuorren en freegje de Bottema’s as se dêr komme kinne.
Dokter Rinck sil syn pasjinten yn de steek litte moatte. Foar him en syn frou
is dat in dreech beslút. Fansels binne se by ús wolkom. Rinck en frou Rinck
mei Anneke en Wim sille wiken lang ús gasten wêze. Frou Rinck moast och sa
wenne oan it nije hotel. Se fûtere ek wolris op dokter, dy sei dan: “och mens
hou je stil.” Dan krige sy in piltsje en wie wer tefreden. As frou Rinck dan wer
op bêd lei dan fertelde hy syn ferhalen oan ús. (Hy joech har piltsjes wêr’t gjin
medikaminten yn sieten, saneamde toverpiltjes) En dochs holpen se syn frou
mei in laits. Wy sieten mei alve minsken om 'e tafel. Alle dagen waard der ek
sûpengroattenbrij sean. Dy panne mei brij waard op it hiem setten om ôf te
kuoljen. Doe seach ynienen ús mem de kat by de brij te slikjen. Us mem oerstjoer
en doe sei se: “Oh Baukje, hoe moat dit no” (Baukje de faam bleau
rêstich) en doe sei Baukje: “Ik sil efkes de sleef ophelje.” Baukje helle de sleef
troch de brij en konstateare dat frou Rinck der neat fan sjen koe en dat de brij
net mear hjit wie. Wim (de soan fan dokter) en Rommert de feint setten jûns
yn it tsjuster gauris nei Easterwierrum ta. Se sille dêr wol yn 'e kroech bedarre
wêze. Moarns wienen se op 'e tiid wer thús. It wie oars string ferbearn om jûns
op paad te wêzen. Rommert koe it bêst mei de dokterssoan fine. Dokter syn
auto stie by úzes yn de skuorre. Dokters mochten harren auto’s hâlde. Wy koenen
meielkoar goed oerwei en ús gasten learden it Frysk gau oan en doe kaam
dy spannende dei.
Mandeguod 17
׉	 7cassandra://CioY2ApPcoArkHhNTeAzEclNlPKRjFzJYELJMyeEeKc"`̵ _,e&׉EDe dei fan de befrijing.
Lange slierten fan Dútske
soldaten rûnen oer de
strjitwei nei it easten ta.
Gjin kabaal, gjin muzyk,
ien en al trystens. Wat sille
dizze minsken ek bliid west
hawwe dat sy wer nei hûs
ta koenen. Dochs moasten
se yn Dútslân noch
ôfwachtsje as it hûs of it
âlderhûs en de famyljeleden
der noch wienen. De
sjitgatten lâns de strjitwei binne lokkich nea brûkt wurden. It wie gjin “Sieg
heil” mear. De flaggen kamen oeral út en yn doarpen en stêden wie it feest.
Op 'e pleats gyng it syn gong. Jûns op bêd foar my gjin fleanmasinelawaai
mear. In iepenbiering foar my mar lykwols it tinken oan safolle minsken dy’t
dit net mear mei meitsje koenen. It wie foar my frappant hoe gau as it normale
libben werom kaam. Nei twa, trije dagen gyngen wy fan swarte kuch bôle oer
op wite bôle. In grutte lekkernij. De famylje Rinck wie optein dat harren filla
yn Rotterdam der noch stie. De molkhellers kamen net mear, it tankje mei
molke op 'e rêch eltse dei wer oan hoechde ek net mear. Ek by harren kaam
de brijboer wer. Foar mysels wie der in teloarstelling op skoalle. Meindersma,
it haad fan de skoalle, moast my meidiele dat de eksamensifers te krap wiene
om it diploma te heljen. Wy moasten op alle fakken eksamen dwaan en mûnling
ek nochris op nij. De oarloch mei syn rarichheden en spanningen hat
my tidens myn stúdzje gjin goed dien. Der hat net ien west dy’t it my kweaôf
nommen hat dat ik de fjirde klasse oer dwaan moast. Ik koe mei de leararen
hiel goed oerwei. Oetske wie de
Frânske learares. Wy wienen op in
kear op in merk yn Parys. Ynienen
miende ik dat ik Oetske seach en
sy my. En doe fleagen wy elkoar
om 'e hals. Sûnt dy tiid koe ik goed
mei har oerwei. Hja wie in pittige
tante. De helte fan de learlingen
hienen noch nea op in buorkerij
west. Meindersma frege my as hy
mei de hiele klasse in middei op
’e pleats komme mocht. Fansels
koe dat. Elts hie al wer in fyts en
sa fytsten op in moaie middei
tritich klasgenoaten fan Snits nei
Winkelplein in Parijs
18 Mandeguod
׉	 7cassandra://8KD_vgZCtLY706xE-cnGaJp9TrNA5P6OXyjBh1H7mXk&`̵ _,e'_,e&{בCט   {u׉׉	 7cassandra://7TMmG2Vl7IshJTNm68S6qIKsUiPZB9eAZsREDGubVQs O` ׉	 7cassandra://b9PgzzApkVMykgWGQBZJMsUvv08PU8IXIJqhz4NGreMͰ` S׉	 7cassandra://xzyo-7ak8e2WnTwMlYiAQILBAlB-l5JY5Tk81ncZ6FM$d`̵ ׉	 7cassandra://6xH2E7BYqkOWbVN6WG2eILZwk079g2OvxM8oLLi_7QE]͠_,ewט  {u׉׉	 7cassandra://PWHse-uONAlzzvrqCWfydhft6bUfPu8Mh0Ty9mFSa_A `׉	 7cassandra://dygdR0eaiZwiX67PchKSjgoaHi3fCjnA8D2ahaewEYg͔`S׉	 7cassandra://cDuCTk3nmcCGOSHzaP_jSOqL2cWuVFcQDc-p6ozDH_Q(I`̵ ׉	 7cassandra://NhoQuXL5h7EWsNZCX3blr-EUowpB-KxcghAX-aDLiYU  #(͠_,ex׉E
Baensterbuorren ta. De hiele middei haw ik dwaande west mei te fertellen,
sjen te litten en fragen te beänderjen. Op 'e weinen mei de Swarte der foar
hat de hiele ploech it lân troch west. Ek hat men de echte boeremolke en tsiis
priuwe kinnen. De Frico sûkelademolke smakke ek goed. Al mei al wie 't foar
elts in moaie learsume middei. Meindersma wie ek entûsjast en miende dat
soks wolris faker koe. In pear wiken nei de befrijing is de famylje Rinck wer
ôf setten. Hja wiene alhiel ynboargere en ek frou Rinck wie nearne bang mear
foar. Hja hoechde ek gjin pillen mear fan dokter en Wim soe op 'e nij mei de
doktersstúdzje út ein sette. De famylje wie ús tige tankber. It wie frappant hoe
rêd de ekonomy wer op oarder wie. It lânbou-arkburo yn Snits hie yn koarte
tiid alwer nije fytsen foar de boerebefolking. De kusjebannefytsen mei âlde
slangen om 'e tsjillen koenen op de izeren bult.
Wy hienen wer in lampe mei dinamo op 'e fytsen
en koenen jûns wer op in paad. Fan de ANWB
krige ik in moaie logo foar op it stjoer fan de nije
fyts. Ik wie der grutsk op om as santjin jierrige
dêr lid fan te wêzen. Letter hienen wy it logo op
'e auto. Wat grutter en noch moaier. Op in moarn
doe ’t wy by skoalle kamen leinen der tichte by it
lânbou-arkburo in hiele protte houten kratten. By
neier besjen blykten dy kratten fol te sitten mei
read izerark. De oare deis wienen der al kratten
iepen brutsen en de monteurs wienen al dwaande
om de boel ynelkoar te skroefjen. En doe kaam de aap út de mouwe. Reade
nije glinsterjende trekkers mei twa lytse tsjiltsjes mei loftbannen foar en twa
grutten efter mei in grut swart stjoer. It wiene Case lûkers út Canada dy ’t as
Marshallhelp Nederlân skonken wienen. Dy moarns wienen de studinten mar
min yn skoalle te krijen. Yn 'e greidhoeke wist men net wat trekkers wienen.
Dizze dei soe it begjin wurde fan de grutte kommende meganisaasje yn de
lânbou.
De oarloch foarby.
Alle dagen noch in bliid gefoel. De grutte fakânsje is op komst. Al jierren lang
kaam ik dan by omke Tsjerk en muoike Anne útfanhûs. De grutte pleats stie
oer it wetter tusken Warten en Wergea. It âldste famke hjitte fan Trynke. Dan
hienen se noch in famke Doet en in jonkje Yde. As men oer it wetter nei de
dyk woe koe men dat net oars dwaan as mei in roeiboatsje. Wy waarden yn
alle opsichten bedoarn. Muoike Anne wie in skat foar ús. Ien kear krige ik yn
de fakânsje by omke Tsjerk en muoike Anne de mûzels. Ik woe net nei hûs
ta en muoike Anne woe my net kwyt. Uteinlik waard it dêr in trije wykse
fakânsje mei allerhande kadootsjes fan de Wergearster Merke. It wetter mei
it roeiboatsje fûn ik prachtich en nichtjes en neefke mochten by my yn it
boatsje. Doe kaam der in brief út Rotterdam fan de famylje Rinck oan Tsjerk
Mandeguod 19
׉	 7cassandra://xzyo-7ak8e2WnTwMlYiAQILBAlB-l5JY5Tk81ncZ6FM$d`̵ _,e(׉EITsjerk en Trijnke Rotterdam augustus 1947
en Trynke. It boadskip wie, as Trynke en Tsjerk by
de Rincken útfanhûs komme woene, dit as tsjinprestaasje
dy’t de Rincken yn de grutte drege tiid
by ús wêze mochten. Wat in ferrassing foar my en
Trynke. Noch nea nei in grutte stêd west en no nei
Rotterdam ta. It reisplan waard makke. Moarns
betiid mei fytsen en tassen en trein nei Swol ta. En
fan Swol op 'e fyts nei Utert ta. Dêr binne wy yn in
hotel bedarre. De oare deis binne wy op 'e fyts yn
Rotterdam oankaam. Wat wie it in spannende reis.
Foar in wike by de dokterfamylje yn de filla oan de
Heemraadssingel en Rotterdam besjen. De dei nei
oankomst koenen wy daliks al it grutste befrijdingsfeest fan Nederlân belibje.
It fuotbalstadion “de Kuip” wie oan de kop ta fol mei feestfierende minsken.
Sprekkerijen, muzyk yn al syn foarmen, in sirkus fan grutte allure, gymnastykoptredens,
ferskate sjongkoaren lyts en grut, iterijen en drinken en noch folle
mear. De famylje Rinck liet ús de haven besjen. De tunnels, de brêgen, de
metro’s, musea en noch folle mear. Te folle om alles op te neamen, mar sa’n
útfanhuzerij hawwe wy nea wer mei makke. Efternei fûnen wy it letter frjemd
dat de Rincken ús it fernielde diel fan Rotterdam net sjen litten hat.
De Rincken wienen fijne minsken en hja hawwe grif tocht dat it better foar ús
wie dat wy dat mar net seagen. It soe de hiele fakânsje bedjêrre kinnen hawwe.
Nei dy tiid hawwe wy altiten in goed kontakt mei de Rincken hân. Wim,
6 jier âlder dan as ik wie, is letter dokter yn België wurden. Wim wie in fleurich
immen mei grappen mar hiel gewoan.
vlnr.: ûnbekind, Tsjerk Bottema, Anneke Rinck,
dokters mefrou, Trynke Bottema, Wim Rinck
De tiid giet troch. Fan de
famylje Rinck binne se
allegearre al ferstoarn. Wim
hat hiele drege jierren hân
mar hie in freondinne dy’t
him yn al dy jierren bystien
hat. Ik stjoer har alle jierren
noch de Fryske kalinder ta.
Trynke, myn nicht, is dokter
wurden mar is stoarn oan in
rare sykte. Sy wie troud mei
in feedokter út de Betuwe.
Us reis nei Rotterdam sil ik
nea ferjitte.
tenei mear
Mandeguod 21
׉	 7cassandra://cDuCTk3nmcCGOSHzaP_jSOqL2cWuVFcQDc-p6ozDH_Q(I`̵ _,e)_,e({בCט   {u׉׉	 7cassandra://KEN9RY9l0lLrwwVV-W4Itm7jtUeicC14DGmfPsCBs3A `׉	 7cassandra://ldhNe8u1IiNMAQ4BScGhJIsQ1f7RRG-Mi6N-mVNhxaIt`S׉	 7cassandra://qzdXkm9KNFEHwnXHTBexY0s8D79XGQFT4dgd2uz9JoI `̵ ׉	 7cassandra://tDTGLHLoc_hYDWKwCPj275NdmjrGCQXGsCnf29gKa5E(͠_,e~ט  {u׉׉	 7cassandra://m0WAnJcW7uC2tSF582oSlXhsS5n9eSvIWbfe9hFKQ3E /(` ׉	 7cassandra://lbd6TgbNqvkbeuHddyopxEBC462Ex8dAUUZaNnLAAF8͊`S׉	 7cassandra://EJmvMQxS2Hfx2fdEv1wk8TwVYowyZxltECgdIL562Cs#d`̵ ׉	 7cassandra://6AR95XxtdrROLBQMuBWg_45cvAY2i9Vioc2z638uM_Q͛5͠_,e׉E*“Sa wie it doe” (diel X)
De oarloch oan de kant. Stadichweioan kamen der mear auto’s op ‘e dyk. De
LAB (Ljouwerter Auto Bedriuw) hie noch fjouwer turf-bussen yn eigendom.
Likernôch fiifentweintich bussen hie de Wehrmacht foardere. Dy’t harren
wurk yn Dútslân hienen seagen sa no en dan in reade LAB bus riden. Yn Winschoten
kaam samar in reade Diamond boppe wetter. Dy moat no earne yn in
museum stean. Jierren ferlyn haw ik dy nochris riden sjoen mar hoe as wat wit
ik net. De LAB direksje spande har tige yn om it ferfier fan Ljouwert-Snits wer
klear te krijen. Op in moarntiid daliks nei de oarloch fytsten wy nei skoalle
ta en hearden ynienen in brullend leven efter ús. In dikke Kromhoutoaljetrúk
brulde ús foarby. De oplizzer hie allegearre stuoltjes en it meiridende folk hie
de measte wille. De kleur fan it gehiel wie de soldatekleur. It wie allegearre
wol wat rau en grof mar mei twa fan dizze meunsters wie de ferbining Ljouwert-Snits
der wer. Gjin generators dy’t gauris opstookt wurde moasten om de
gong der yn te hâlden. Gjin swarte Piten mear efter it stjoer. De LAB ried wer!
De froulju koenen yn de stêd wer winkelje, boeren koenen wer nei de feemerk
en it personiel yn it lân wist wer
wannear it itenstiid en melkerstiid
wie. De omlizzende doarpen
moasten ek wer ferfier hawwe.
Der waarden fjouwer Austin
Belle auto’s út Ingelân oanskaft.
Dy wienen dêr brûkt foar de
brânwar. De bellen sieten noch
op ‘e auto’s. De LAB liet de karrosserys
in meter langer meitsje,
wêrtroch in gruttere romte foar
Austin Belle auto
12 Mandeguod
׉	 7cassandra://qzdXkm9KNFEHwnXHTBexY0s8D79XGQFT4dgd2uz9JoI `̵ _,e*׉Eynsittenden. (acht persoanen) Dan
ynienen (as Ljouwerter krantelêzer)
seach ik op in middei op de
foarpagina in grutte reade bus
stean mei omskriuwing. It wie
de LAB direksje slagge twa nije
Cheausson bussen te bemachtigjen.
In lange kantige bus mei op
eltse hoeke in hege dikke bân.
De bussen kamen út Frankryk
en hienen al de glimjende reade
giele kleur. Dizze bussen waarden daliks ynsetten tusken Ljouwert-Snits. It
ried formidabel. It wie tagelyk ek it begjin fan it nije ferfier. Foarhinne wienen
der gjin bushaltes, dat gong dan samar wat. In hân oan ‘e dyk omheech of in
wyt himd foar it finster wie genôch om de bus stopje te litten. It koe noch lang
sa allegearre. Letter kamen der pealtsjes mei giele plankjes oan de dyk mei
dêrop “Bushalte LAB”. De sjauffeurs namen
it dan noch net sa krekt. Mar doe wie der
ynienen in stille ynspekteur yn ‘e bus. It
foel de man op dat de bus hast oeral stoppe,
útsein by de haltes. Hy sei op it ein fan de
rit, dat it de bedoeling wie dat hy by de haltes
stoppe. De sjauffeur wie mûlryp en sei:
“binne it jo klanten of binne it mines!” De
bussen namen gauris ek de kranten mei. De
    
klear om it pak mei kranten oan te nimmen.
De LAB mei syn service rikte fier. In foarCheausson
bussen
byld dêrfan is, dat in plattelânsmem krekt in poppe yn it Ljouwerter sikehûs
krigen hie. De mem wie alwer thús út it hospitaal mar de poppe moast noch
in skoftke bliuwe en moast *boarsttate hawwe. Foar de LAB wie it gjin inkeld
probleem om de tate ôf te leverjen yn de stêd. Wie de mem noch net klear mei
it kolven, dan wachtte de bus wol efkes. De minsken
yn ‘e bus hienen der neat op tsjin. De sjauffeur sei: “ik riid wol wat flugger,
dan is dat ek wer ferholpen”.
*boarsttate = borstvoeding
Yn 1946 krige ik it diploma fan de MULO. Oan de iene kant hartstikke moai
mar oan de oare kant in ôfskie fan in skoalle wêr’t ik fiif jier mei nocht west
haw. Fansels hat de oarloch spanningen meibrocht dy’t net sa noflik wienen.
De direkteur en de leararen wienen allegear gewoane minsken sûnder poeha,
dêr’t jo jo by thús fielden. Snits is ek mar in gewoan stedsje mar hat wol in
Mandeguod 13
׉	 7cassandra://EJmvMQxS2Hfx2fdEv1wk8TwVYowyZxltECgdIL562Cs#d`̵ _,e+_,e*{בCט   {u׉׉	 7cassandra://QZNMYJXovdjS4CGEpUhi63-99MzOFKqQpRmyOaKtPgs `׉	 7cassandra://tV2ni9S6Xx7er4reyJaCNVuWuEM9e2gGQuUI66betok͈4`S׉	 7cassandra://q06qm1nRUrsqlzBmKOhQNJFh2sCACaEsvx8yZEwZIxQ%`̵ ׉	 7cassandra://RDWF_61AH9GCyvhw6q44oTQ2naG29AiHafC3draM5_o͠_,eט  {u׉׉	 7cassandra://8Ei4O9hoAhFj1wbzEhV2do51IaO3n3iIp0o0w2mKRHw ^`׉	 7cassandra://9U-JVVCaMBRlGj2Zi0ivAHv_YJsCKlGTvtrm-99CzKYd`S׉	 7cassandra://AysjvRkkPtXAHtqUJ58fGUoXNPdQwTNKx8BV5Hdf2eA`̵ ׉	 7cassandra://rHr84MXu24eqgI96b-ShIiIbr_8xZmpDsX3u4h6_rt0$͠_,e׉E+eigen taaltsje dêr’t men efkes oan wenne moast. Efternei haw ik in soad profyt
hân fan de talen Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Fansels nei sechtich jier ferjit men
wolris wat fan dy talen mar de basis hâldt men wol fêst. As men hjoeddedei
heart hoe’t men mei de talen omgiet yn it heger ûnderwiis…
Fan alle fakken hienen wy in skriftlik en mûnling eksamen en sûnder wurdboeken
en kompjûters op ‘e bank. Wis wier, wy binne santich jier fierder en de
feroaringen binne grut. Men hat it goed mar jou my de âlde tiid mar wer mei
al syn tekoartkommingen. Fan skoalle ôf achttjin jier, wat moast der mei Tsjerk
barre. Broer Hink wie in echte feeboer mar fan Tsjerk waarden ús heit en mem
net folle wizer fan. It ûnderwiis liek my ek altyd wol wat ta. Ik wist wol dat
ús âlden der no net sa entûsjast oer wienen mar joegen my de kâns om talittingseksamen
te dwaan. Sa haw ik in dei yn Ljouwert op ‘e kweekskoalle west.
It eksamen dêr slagge mar myn sjongkapasiteiten wienen ûnder de maat. Mar
dat wie fierders gjin probleem. Us heit en mem seinen nochris tsjin my, dat in
skoalmaster in luzich bestean hie en dat in boer nochal ris in kwartsje tusken
de sinten fine koe. Ik mocht it sels witte mar faaks wie it ek wol wat om earst
nei de lânbou-winterskoalle yn Snits te gean, dan koe ik oer twa jier dochs
noch nei de kweek ta gean. It like my net sa gek ta. Oer twa jier koenen wy dan
wol wer ris sjen. Sa sein sa dien. Ik koe wol wer meihelpe op ‘e pleats. Us heit
en mem wienen earst wer bliid dat it skoalmastergedoch wer oan de kant wie.
Tsjerk wie sels ek wol bliid. Ik koe noch twa jier my betinke. En yn twa jier kin
der hiel wat barre. Om achttjin jier hinne is men noch wolris wat ritich. Fan
dy wifsinnigens haw ik tinkt my in goed gebrûk makke.
lânbou-winterskoalle yn Snits
tenei mear
Mandeguod 15
׉	 7cassandra://q06qm1nRUrsqlzBmKOhQNJFh2sCACaEsvx8yZEwZIxQ%`̵ _,e,׉E“Sa wie it doe” (diel XI)
De greidboer moat it fan de molke
ha. Sa hat it altiten west en sa sil
it altyd bliuwe. Troch de ieuwen
hinne hat men yn Nederlân en yn
de hiele wrâld besocht om mei de
hannen molke út de jaren (uiers)
fan de bisten te krijen. Fansels kinne
wy ek molke út ezels krije mar
dat is foar ús as boeren net produktyf
genôch. It melken mei de
hannen wie sa dreech, dat men om
1850 hinne al besocht om in soarte
meganyk út te finen dêr’t mei molken
wurde koe. Dat woe min slagje. De
Amerikanen fûnen wolris wat út wat
it begjin wêze koe fan it meganysk
melken. Men hie ûnder oaren in rêd
dat mei de hân draaid wurde koe en
oan ‘e oeren de molke der út sûge.
Dat wie pynlik foar it bist en wie dan
ek net de oplossing dy’t brûkt wurde
koe. Ferskate mooglikheden waarden
besocht mar men hie gjin súkses.
Stadichwei kamen de útfiningen dy’t
der aardich op begûnen te lykjen. De
pulsator (op en del mei sûgjen) joech
de basis fan it meganysk melken. Om
8 Mandeguod
׉	 7cassandra://AysjvRkkPtXAHtqUJ58fGUoXNPdQwTNKx8BV5Hdf2eA`̵ _,e-_,e,{בCט   {u׉׉	 7cassandra://N7oWs0UGzweWr_lQujYQhIpbCNJOq8pI-_ULDamF3yM `׉	 7cassandra://VC50cN5lYvjAVPciRkq9wLzdtCz3VyjlFYR5jPMwRck͊`S׉	 7cassandra://Fq5M069pMHywHNlY4GwvwuIxQthi9bApvvMaHgzL1E4%`̵ ׉	 7cassandra://Uhvevts0bS1vD-ke-YvkIFkD8zxuowNGHh3lMdqFjVQӶ͠_,e׉Ez1900 hinne waarden der patinten útjûn
fan reedlik wurkjende molkmasines. De
Sweedske Laval wie it fierste yn ûntwikkeling.
It wie 1928 dat yn Mantgum Doeke
Odinga syn heit in Laval molkmasine
kocht. Yn ‘e oarloch moasten de Odinga’s
wer mei de hân melke, om’t der gjin rubbers
te krijen wienen. Nei de oarloch is
elts oergongen nei it masinemelken. Noch
altyd wurde der ferbetteringen oanbrocht
by dizze masines. De kij, geiten en skiep
fine no it melken noflik. De nijste ûntjouwing
is de melkrobot. It is in djoereftich
apparaat mar in grut wûnder foar boer, ko
en boerinne. It jout de boerebefolking in
stik libbensfrijheid.
Sa kin it wol ta:
Bêste lêzers fan Mandeguod. Yn it begjin
fan dit jier joech Hette my de pinne oer. De fraach wie, as ik wat memoires
fan mysels yn Mandeguod skriuwe woe. Ik haw Mandeguod altyd in moaie
doarpskrante fûn mar memoires yn dit blêd skriuwe dat gyng my efkes
boppe de pet tocht ik. Wy koenen gjin saken meielkoar dwaan. Hette droste
wer ôf. Inkelde wiken letter, der wie hy wer. Hy woe my wol mei helpe.
Ik haw my doe beprate litten. Ik woe it wol dwaan mar dan yn it Frysk en
haw de pinne oannommen. Dat wie yn earste ynstânsje goed. It makke my
der net makliker op dat ik 30 jier yn Raerd wenne ha en hast 60 jier no
yn Mantgum. Hoe moatte jo soks oanpakke.
Oant no ta haw ik gauris Raerd te pakken
hân en Mantgum is no oan bar. Hette kaam
okkerdeis mei it boadskip dat de redaksje fan
Mandeguod it ferstanniger fûn dat wy yn it
desimbernûmer stopje mei dizze skiednis. Ik
haw dêr alle begryp foar. Frysk kin eltsenien
net lêze. Yn ‘e tekst steane dingen en wurden
beskreaun dy’t guon doarpsgenoaten net begripe.
Dan wurdt it wat langtriederich en d’r
is ek sa’n soad oars te lêzen. Ik kin my dan ek
maklik oanslute by de redaksje. Ik jou Hette
de pinne werom en betankje him foar syn
help. Wy hienen it moai foarinoar!
Tsjerk
Mandeguod 9
׉	 7cassandra://Fq5M069pMHywHNlY4GwvwuIxQthi9bApvvMaHgzL1E4%`̵ _,e.׈E_,e/_,e.{)Boekje Bottema_.|g